Foar de simmerfakânsje hawwe wy ôfskie nommen fan Errol, Glenn, Esmee en Saskia. Errol is mei syn heit nei Ingelân gien. De trije oaren studearje no. En Anne-Marit wie fan ’t winter al nei it bûtenlân gien foar in staazje.
It wie wol ferfelend dat se hast allegear tagelyk fuortgienen. Se hienen ommers by Omrop Fryslân in priis wûn mei in filmke. Se mochten derom sels koarte reportaazjes meitsje. Saskia en Glenn en Esmee wienen te âld, it wie oan’t en mei 17 jier.
Gelokkich kamen Jorrit en Elske yn de simmerfakânsje in pear jonges en fammen tsjin dy’t wol meidwaan woenen oan de filmploech.
Foar lêzers en sjoggers fan Linkk sette wy alle âlde en nije Linkkspilers eefkes op in rychje.
Jorrit
Jorrit is eins net in echte soan fan Pier en Brecht. Hy is in omkesizzer, mar omdat hy gjin âlders mear hie, is hy as soan by syn omke en tante kommen te wenjen.
Jorrit hat it altyd oeral hiel drok mei, mar net mei skoalsaken. Hy is no foar de twadde kear sakke foar it eineksamen! Dêr hawwe Pier en Brecht knap lilk om west.
Jorrit hat hiel lang in knipperljocht-relaasje mei Elske, syn nichtsje, hân. No ja, net in echte nicht, omdat Jorrit ek net in echte soan is fan Pier en Brecht. Yngewikkeld hè?
Jorrit is wol echt aktyf as it op regeljen en filmjen oankomt!
ElskeElske is in pear jier lyn kommen te wenjen yn it selde doarp as Jorrit. Sy hat in soarte fan haat-leafde ferhâlding mei har sabeare neef. Elske is net Frysktalich opfieden, mar om Jorrit hat sy it Frysk gau oppikt. Har gefoelens foar Jorrit rinne lyk op mei har gefoelens foar it Frysk. It kin alle kanten opgean.
Giel
De mem fan Giel is de sus fan Oene. Giel, dy’t offisjeel Guillermo hyt, is berne yn Kolombia. No’t syn âlders op wrâldreis binne, útfanhuzet hy by omke Oene.
Dy fynt dat Giel sa gau mooglik nije freonen krije moat. Dêrom hat hy him foarsteld oan Jorrit en Elske.
Giel koe samar de rol fan Errol en Glenn oernimme. Hy is ek in echte techneut.
Oant no ta wie hy drok mei ljocht en lûd, mar de útdaging fan filmjen is krekt wat foar him.
HenkHenk wennet noch mar in jier yn it doarp. Henk syn heit woe nei de skieding net mear yn Den Helder wenjen bliuwe. Doe’t hy wurk krije koe yn Fryslân is Henk mei him meigien, Syn broerke en suske binne by mem yn Den Helder bleaun.
Dat Henk Diana sa goed begrypt, komt omdat hy sels ek in hiel goede freon ferlern hat. Dat wie Danny. Sûnt de dea fan Danny draacht Henk altyd syn pokeramulet as oantinken.
Hy trof Elske en Jorrit doe’t dy wer ris in kear rúzje hienen. Doe ’t Henk Elske wat te drinken oanbea, hat se him frege om by de filmploech te kommen. Henk hat op syn beurt Diana der by frege.
Diana
Diana is ek nij yn Linkk. Se is frege troch Henk. Diana wennet op in buorkerij in eintsje bûten it doarp.
Diana hat in soad freonen, mar eins mar ien echte freon. Dat is Henk. Diana is twa jier lyn in pear freonen kwytrekke. Dêr praat se net maklik oer. Allinne mei Henk wolris, mar dy hat sels ek in freon ferlern. Dat skept in bân.
Marije

Jorrit en Giel hawwe Marije troffen yn de supermerk, dêr’t se achter de kassa siet.
Sy hat net altyd yn it doarp wenne. Earder wenne se mei heit en mem yn Genemuiden. Mem koe dêr har draai net fine en dêrom binne se weromkommen yn Fryslân.
Marije is net altyd like maklik. In soad minsken fine har brutaal en opstannich.
Se kiest ek gauris de ferkearde freonen, mar dochs sit har hert op it goede plak.
Pier en Brecht
Pier en Brecht binne de heit en mem fan Saskia en Jorrit.
Saskia is krekt út ‘e hûs. Jorrit hat no it ryk allinne.
Pier hat earder by de marine wurke en doe by it fabryk yn it doarp.
No hat hy tegearre mei Brecht in kafee. Dat kafee rint hiel goed.
Aldere minsken komme der foar de bingojûnen. It pokerjen lûkt in protte jongeren.
Brecht wol de boppeseal brûke foar har grutte hobby. Dat is toanielspyljen. Se wol eins in nije toanielklub oprjochtsje yn it doarp. Sy fynt it ek moai dat ‘har’ jeugd sa yn ‘t spier is mei kamera en mikrofoan.
Oene
Oene is in goede maat fan Pier en Brecht èn de –alinnesteande- heit fan Anne-Marit. Sûnt syn dochter yn it bûtenlân wennet is it wol hiel stil yn ‘e hûs. Dêrom hat Oene ek oanbean dat syn omkesizzer Giel, of Geale sa’t hy him neamt, wol in jier by him komme kin te wenjen. De âlders fan Giel binne in jier op reis. Dat wie in dream dy’t se al jierren hienen. Tanksij Oene kin dy dream no werkelikheid wurde.