Bisto snoad genôch foar it Mercator Undersyksteam?
Mercator is it kennissintrum foar meartaligens yn Europa. En it stiet yn Ljouwert. Dêr wurdt ûndersyk dien nei lytse talen en gebieten dêr’t mear as ien taal sprutsen wurdt.Witsto bygelyks dat der mear as 50 miljoen minsken yn Europa in minderheidstaal (lykas it Frysk) sprekke? Dat binne trije kear safolle minsken as der yn Nederlân wenje.
En witsto …
• dat it Frysk troch mear minsken sprutsen wurdt as it Yslânsk?
• dat it Katalaansk yn meardere lannen sprutsen wurdt, nammentlik yn Spanje, Frankryk en Itaalje?
• dat ek it Baskysk net allinne yn Spanje, mar ek yn Frankryk praat wurdt?
• dat der mear sprekkers binne fan it Katalaansk as it Deensk?
Sjoch ek mar ris op de talekaart fan Europa yn ‘e midden fan dizze Linkk.
>>Mear yn Linkk 1 fan septimber 2007>>

0 reacties:
Een reactie posten
Aanmelden bij Reacties posten [Atom]
<< Homepage