Searje LinKk 'online':

LinKk 1
LinKk 2
LinKk 3
LinKk 4
LinKk 5

Tydskrift LinKk (yn PDF):

LinKk 1 (9MB)
LinKk 2 (5MB)
LinKk 3 (7MB)
LinKk 4 (4MB)
LinKk 5 (4MB)
Ferwurkingsmateriaal:

LinKk 1 - Frysk - NF
LinKk 2 - Frysk - NF
LinKk 3 - Frysk - NF
LinKk 4 - Frysk - NF
LinKk 5 - Frysk - NF


Mear witte oer de LinKk-spilers? Klik hjir!

16-03-2010

LinKk 5 oer Trends

Hoi jonges en fammen,

Yn 2030 hawwe hast alle Nederlanners twa hûzen: in appartemint yn ‘e stêd en in wenhûs op it plattelân. Boppedat is it tsjin dy tiid handich om Sjineesk prate te kinnen, want Sjina is yn 2030 it belangrykste lân op ierde. Dat stiet yn it boek Megatrends Nederland fan Adjiedj Bakas. LinKk wol ek mei de tiid mei en hat dêrom dit kear as tema ‘Trends’. It is hjoed de dei belangryk om goed mei it miljeu om te gean. Yn kranten, op televyzje en op ynternet wurde wy fan alle kanten bekûgele mei wurden lykas ‘biologysk’, ‘miljeufreonlik’, ‘ekologysk’ en ‘duorsum’. LinKk is ek trendgefoelich en freget ‘hoe grien bisto?’ Fiif learlingen fan it Singelland jouwe op side 14 en 15 antwurd op dy fraach.

LinKk wit it seker, yn 2030 binne Pieter en Iris wrâldfamous. Foarútrinnend op dy trend stiet der no alfêst in ynterview mei dit muzykduo op side 4. Wolsto ek graach mei de tiid mei? Skaf dan ien fan de gouden gadgets op side 5 oan en wurdt hipper as hip!

Nijsgjirrich wurden? Blêdzje gau fierder!

Ut namme fan de redaksje,
Marrit de Schiffart
Cedin/Taalsintrum Frysk


Lês fierder >

12-01-2010

LinKk 4 - Bisten en Natuer

Hoi jonges en fammen,

2009 wie it jier fan de stikelbaarch. De ‘Zoogdiervereniging’ tocht dat it net goed gong mei ‘it spjeldekessen’ en woe yn 2009 in sa goed mooglik byld krije fan wêr’t it bistje foarkomt. Dêrom fregen se elkenien dy’t in stikelbaarch seach om dat te melden. Ut de tûzenen reaksjes dy’t dêrop kamen, die bliken dat de stikelbaarch yn Nederlân it measte foarkomt yn de provinsje Súd Hollân. Nice to know, dochs?

LinKk is gek op ‘bisten en natuer’. Reden genôch om dat as tema te hawwen foar dit nûmer. Daniël is gek op it fotografearjen fan natuer en wol letter fotograaf wurde. Thiemo is gek op it banjeren troch de natuer, in hobby dy’t er útfiert by Scoutinggroep Burmania yn Ljouwert. En Sandor van der Heide? Dy is ek gek op natuer, foaral op it gers fan it fuotbalfjild.

Alles oer dizze en oare persoanen lêze jim yn dizze splinternije LinKk. Blêdzje gau fierder!

Ut namme fan de redaksje,
Marrit de Schiffart
Cedin/Taalsintrum Frysk


Lês fierder >

01-12-2009

LinKk 3 - Kommunikaasje

Hoi jonges en fammen,

‘Altyd berikber’, dat lykje de koadewurden te wêzen foar de 21e ieu. Fia de telefoan, e-mail, Hyves, Twitter, Skype of MSN. Alle kommunikaasjemiddels binne tastien, ast mar berikber bist. Troch al dat kommunikaasje-ark ferjitte wy wolris dat gewoan prate en lústerje ek in manier fan kommunisearjen is. Ja, sels LinKk is in kommunikaasjemiddel. En dêr bliuwt it dit kear net by, want LinKk hat dit kear ek nochris 'kommunikaasje’ as tema.

Wat is jim favorite kommunikaasjetool? LinKk frege it oan fiif learlingen fan CSG Gaasterland. Fierder komme wy yn dizze LinKk yn ‘e kunde mei de 15-jierrige Valentina Tóth. Sy kin hiel goed sjonge en pianospylje en kommunisearret fia har muzyk. Foar boer Wietse út it televyzjeprogramma ‘Boer zoekt Vrouw’ is kommunisearjen noch wolris dreech. Gelokkich hat er in faam troffen dy’t net safolle muoite hat mei praten.

Ik bin útkommunisearre, jim moatte no mar gau fierder blêdzje!

Ut namme fan de redaksje,
Marrit de Schiffart
Cedin / Taalsintrum Frysk


Lês fierder >

07-11-2009

LinKk 2 - Famylje en Freonen

Hoi jonges en fammen,

Foar jim leit in Farske, Frijwat Fantastyske en Fassinearjende LinKk. En om mar fierder te gean mei al dy F’en: it tema fan dizze LinKk is ‘Famylje en Freonen’.

Der binne ferskillende soarten Freonen. Fjouwer learlingen Fan it Bornego College hawwe bygelyks ‘pinnefreonen’. Sy ha yn New York west en binne dêr befreone rekke mei Amerikaanske jonges en fammen. Minke van den Berg is in bistefreon en beskôget de katten fan har staazje-adres Poezepensjon Luxor as freonen. Je kinne ek Foute Freonen hawwe. Dat oerkaam Nynke, Marije en Iris.
Om’t it yn ‘e tredde wike fan novimber ‘Week van de Jeugdzorg’ is, fine jim yn ‘e midden fan dizze LinKk in katern fan fjouwer siden oer bern mei problemen. Gelokkich binne der genôch ynstânsjes dy’t har helpe kinne.

Dizze LinKk Fol mei F’en wurdt Fansels yn styl ôfsluten. Op de lêste side fine jim de Fter-side, in nije rubryk oer multimedia.

Nijsgjirrich wurden? Blêdzje ffkes gau Fierder!

Ut namme fan de redaksje,
Marrit de Schiffart
Cedin / Taalsintrum Frysk


Lês fierder >

02-10-2009

LinKk 1 - Minsken & Moetings

Foar jimme leit it earste nûmer fan LinKk fan dit skoaljier. LinKk is in tydskrift mei nijsgjirrige artikels en nijtsjes, dat spesjaal makke wurdt foar de earste klassen fan it fuortset ûnderwiis yn Fryslân.

Yn dizze LinKk kinne jim yn ‘e kunde komme mei de akteurs en aktrises fan de televyzjesearje en prate wy jim by oer wat der al earder yn de searje bard is. Op ús webside www.linkk.tv kinne jim dêr ek alles oer lêze.

‘Minsken en Moetings’ is it tema fan dizze earste LinKk en, njonken de LinKk-spilers, moetsje wy noch folle mear nijsgjirrige minsken. Sa komme wy yn de kunde mei twa rizende stjerren: GTST-akteur Ferry Doedens en popstar Tim Douwsma. Fierder treffe wy twa beachvolleybalsters, in fûgelfreon en in stel groep 8'ers dy't no nei it fuortset ûnderwiis geane.

Genôch leuke artikels dus. Wy winskje jimme in protte lêswille.

Ut namme fan de redaksje,
Jouke Douwe de Vries
Cedin / Taalsintrum Frysk



Ferry Doedens út Drachten yn GTST

Hy wurdt betitele as in ‘rising star’, Ferry Doedens (19 jier) út Drachten. Hy is de nijste akteur yn Goede Tijden Slechte Tijden en spilet Lucas Sanders, de soan fan Janine en Stefano. Lucas is homo en dat is noch net earder foarkommen yn de soap dy’t al hast tweintich jier op ‘e buis is. It begryp ‘homoseksualiteit’ lei altyd wat gefoelich. Ferry hat der gjin problemen mei: hy falt ek op jonges.

Lês fierder >


Hin? LinKk? Wat is dat?

Tsja, lang ferhaal. LinKk, dat is dit blêd, dat binne de lessen Frysk op dyn skoalle, mar LinKk is noch mear…
LinKk is ek in soap. In Fryske soapsearje op televyzje, spesjaal foar dy makke, mei akteurs fan ûngefear dyn leeftiid, dy’t dingen dogge dysto ek dochst. Of, no ja, dat is net hielendal wier fansels. Do makkest grif gjin televyzjeprogramma en dat dogge de LinKke akteurs wol. Se meitsje in televyzjeprogramma oer Fryske jongerein dy’t in televyzjeprogramma meitsje. Kinst it noch folgje??

Lês fierder >


Lotte de Vries & Rosanne Ottevanger volleybalje op it strân

Beachvolleybal is in sport dy’t hurd groeit yn Nederlân en dat komt net op it lêste plak troch it trendy imago: hip, fleksibel, sûn en spektakulêr. Lotte de Vries (18) en Rosanne Ottevanger (18) volleyballen beide al yn de seal by VC Sneek doe’t se yn 2006 de útdaging mei it beachvolleybal oangiene.
Foarich jier behellen se tidens it NK <18 mei in sulveren medalje harren bêste resultaat oant no ta. ‘Dat was voor ons een superdag', klinke Lotte en Rosanne noch altyd entûsjast.

Lês fierder >


Tim Douwsma wol fan alles en it leafst alles tagelyk

Grutsk binne we yn Fryslân fansels op ús Doutzen, ús Syb en ús Foppe. Neffens sjonger, akteur, model, no ja litte we him mar ‘multitalint’ neame, Tim Douwsma is der wol romte foar noch in Fryske stjer. En dy romte wol hy graach opfolje. Hy is al in hiel ein, mar as it oan Tim leit, is der ek noch in hiel ein te gean. ‘Ik wol fan alles en it leafst alles tagelyk…’

Lês fierder >


Fûgelfreon

Foar Anne Mulder (13 jier) jildt: better tsien fûgels yn ‘t hok dan ien yn ‘e loft. Syn hobby is nammentlik it hâlden en kweken fan fûgels. Yn en om de pleats yn Waaksens hat er sa’n 100 oant 150. Troch ruiljen, krijen, fuortjaan, keapjen en ferkeapjen, aaien dy’t útkomme en fûgels dy’t deagean, kin it oantal alle dagen feroarje. Anne: ‘It wit net presys hoefolle it der binne. Gelokkich stekt it net sa nau, want wy ha hjir yn ‘e skuorre en op it hiem genôch romte.’

Lês fierder >


Tekene
In huverferhaal

It is smoardrok op Skiphol. Femke siket har paad troch de grimeljende minskemassa. Se sjocht fluch oer it skouder nei heit en mem, dy’t hymjend en pûstend út it haltsje mei de draaidoarren komme. Se besykje út alle macht om har by te hâlden. It is ek wol wat mei dy âlde minsken fan tsjintwurdich...
‘Hee, sjit ris op!’ ropt se nei har heit, dy’t krekt in ljochtblauwe bûsdoek út syn knûkelige koarte broek fiske hat en al dravend syn foarholle skjinfaget.
‘Jaja, famke. We dogge ús bêst. Sjochst dan net dat it swit my by alles delspielt?’

Lês fierder >


Bytsje spannend: nei in oare skoalle!

Nei groep 8 folget de stap nei de ‘grutte skoalle’. Altyd wol wer spannend: oar gebou, allegear oare fakken en, net te ferjitten!, gjin master of juf mear, mar leararen.
LinKk frege in pear bern út groep 8 fan de Ds. Hasperskoalle út Akkrum wat se dêr fan fine.

Lês fierder >

20-05-2009

LinKk 6 oer 'Skoalle'

Hoi jonges en famkes,

‘Skoalle’ is it tema fan dizze sechsde LinKk. Jimme kinne yn dizze LinKk dan ek lêze wêr’t Nynke Laverman eartiids nei skoalle gie en hoe grutsk dy skoalle op har is. Learlingen fan it Bogerman fan Koudum fertelle oer harren projekt om de Fryske taal te rêden. Sy bewize it: Frysk is hip!

Fansels binne der ek oare ûnderwerpen yn dizze LinKk. De útslach fan de priisfraach oer it selsskipspul EUREGUA is bekind. Wa hat dy moaie priis wûn? Sjoch gau op side 3! De finale fan SjONG hat alwer west, wa is der dit jier yn ’e prizen fallen? Dat kinne jim lêze op side 6 en 7.

Wy winskje jim wer in protte lêsnocht ta.

Ut namme fan de redaksje,
Jinke Stoker
Cedin / Taalsintrum Frysk



Nynke Laverman WAS HERE

Learlingen komme en learlingen gean. Dat jildt foar alle skoallen. De measte learlingen ferdwine en wurde fergetten. Mar as der letter sa’n âld-learling wrâldferneamd wurdt, dan roppe se op dy skoalle: ‘Sjoch, dat wie ien fan ús!’

Nynke Laverman was here

Sa is it ek mei Nynke Laverman, dy’t geregeld op ’e radio te hearren is mei har lieten. Ek de televyzje hat har ûntdutsen, en net inkeld Omrop Fryslân. Koartlyn noch wie se te sjen yn it programma ‘De wereld draait door’. Nynke Laverman hat it poadium fûn.

Lês fierder >


‘Prachtige susters’ Nynke en Wiljo Sybrandy winne SjONG

Yn ien wurd ‘prachtich’. Dat wie it oardiel fan de sjuery oer it optreden fan Nynke en Wiljo Sybrandy út Dearsum. Mei it nûmer ‘Fanút myn hert’ wûnen sy sneon de finale fan SjONG, it Frysktalich sjongfestival foar de jongerein.

‘Jim binne prachtige susters mei in prachtige útstrieling’, spruts sjueryfoarsitster Tet Rozendal foar in útferkocht teater DOK18 yn Dokkum. As sjongeres wie sy tige ûnder de yndruk fan de ‘prachtige stim’ fan de 15-jierrige Nynke. Mei gitaarbegelieding fan har sus Wiljo (18) brocht Nynke fol oerjefte it liet ‘Fanút myn hert’, in Frysktalige oersetting fan it nûmer ‘Lost’ fan Anouk.

Lês fierder >


Allard Westerdijk fielt him thús binne de skûtsjefamylje

Allard syn heit, Bouwe, is de foarsitter fan de SKS (Sintrale Kommisje Skûtsjesilen), syn mem Tjitske is de suster fan de skûtsjeskippers Douwe (Sneker Pan) en Albert (it Drachtster skûtsje) Visser en syn broer Klaas is lid fan de bemanning op it Hearrenfeanster kampioensskûtsje ‘Gerben van Manen’. Sels sylt de 16-jierrige Allard Westerdijk út Snits foar it tredde seizoen oan board fan it Earnewâldster skûtsje. ‘Wêrom’t skûtsjesilen sa leuk is? Ik wit gewoan net better,’ seit Allard.

Lês fierder >


Oer de brazem

Wedstrydfiskjen is mear as oan ‘e kant fan de sleat sitte te koekeloeren nei in dobberke. Der binne minsken dy’t dat byld ha, mar dat blykt dus folslein in ferkearde foarstelling fan saken te wêzen. Bernd Bove (17 jier) út Twizel docht út ‘e doeken hoe’t it der by de serieuze fiskerij om en ta giet. Bernd: ‘Wedstrydfiskjen is in sport.’

Hoe bisto mei fiskjen begûn?
Bernd: ‘Ik gong froeger mei ús heit jûns en op sneon wolris te fiskjen. Doe’t angelsportferiening De Rietvoorn út Koatstertille op de basisskoalle ris delkaam
mei folderkes, bin ik mei noch fiif jonges út ‘e klasse in kearke der hinne gongen.
Mei ús seizen binne wy lid wurden fan de feriening, dêr’t ik as iennichste fan oerbleaun bin.

Lês fierder >


Frysk is hip!

Frysk is gjin boeretaal, it is hartstikke hip! Om dat te bewizen krige klasse 2 fan it Bogerman Kolleezje yn Wommels de opdracht in kampanje te betinken om de Fryske taal te rêden. En mei súkses want de skoalle hat de ôfrûne tiid faak it nijs helle. De Ljouwerter krante, Omrop Fryslân, it Frysk deiblêd, Froeks en Fynst, allegear kamen se nei Wommels om de projekten te besjen. Dat hienen learlingen en dosint eins net ferwachte, mar fansels binne se tige bliid mei alle oandacht foar harren memmetaal. It sifer foar it projekt is noch net bekend, mar se ha hjir en dêr al heard dat it in dikke foldwaande wurdt, dy’t tichter by de 10 as by de 7 leit! Dat mei dan ek wol, want se ha der stik foar stik mear tiid ynstutsen as allinnich it oerke Frysk. Oar húswurk bleaun wolris lizzen, no ja, moatst wat foar de taal oer ha!

Lês fierder >


De drip
koart ferhaal

‘Hee, Pieter! Ik haw it wer oprêden, hear. Hjir is syn bôlebakje.’
Mei in sierlike bôge goait Hein-Jaap it donkergriene trompke troch de skoalgong dêr’t hy en syn maten altyd omhingje at se skoft ha. Pieter fi sket it ding mei in soepele beweging út ’e loft.
‘Fan ’e Wite Wjirm? Dat mienst net! Soest dochs tinke dat er no einlings wolris
goed op syn spul passe soe.’
‘Sommige minsken leare it noait,’ antwurdet Hein-Jaap, wylst er syn blauwe rêchsek op ’e grûn delkwakt en himsels mei de rêch tsjin de muorre nei ûnderen ta glydzje lit. Dan beslút er om no dochs mar ris de fraach te stellen dy’t him al in skoftsje dwaande hâldt.

Lês fierder >

13-03-2009

LinKk 5 oer 'Trends'

Hoi jonges en famkes,

‘Trends’ is it tema fan dizze fyfde LinKk. Jimme kinne yn dizze LinKk dan ek lêze wat hjoed de dei ‘hot’ en ‘not’is. By de metamorfoze kinst sjen wat de nijste moade is. Wy komme yn dizze LinKk yn ’e kunde mei Bouktje Boerma, de nije Miss Fryslân, en Doutzen Kroes fertelt oer har âlde skoalle en har libben no. En Bouktje en Doutzen binne beide ‘hot’!

Fansels binne der ek oare ûnderwerpen yn dizze LinKk. Omrop Fryslân siket nije akteurs foar LinKk! Liket dat dy wat? Sjoch dan gau op side 12 en 13! Ditkear kinne jimme ek in priis winne troch de fragen op side 18 en 19 te beantwurdzjen, in soad súkses!

Wy winskje jim wer in protte lêsnocht ta.

Ut namme fan de redaksje,
Jinke Stoker
Cedin / Taalsintrum Frysk



Doutzen Kroes WAS HERE

Learlingen komme en learlingen gean. Dat jildt foar alle skoallen. De measte learlingen ferdwine en wurde fergetten. Mar as der letter sa’n âld-learling wrâldferneamd wurdt, dan roppe se op dy skoalle: ‘Sjoch, dat wie ien fan ús!’

Doutzen Kroes was here

Doutzen Kroes is berne yn Eastermar op 23 jannewaris 1985. Se gie gewoan nei de basisskoalle, helle gewoan de havo en no is se in topmodel en fertsjinnet se miljoenen euro’s. ‘Nei de havo woe ik wol wat fertsjinje en in modeshow rinne, dat like my wol in leuk bybaantsje. Dus doe haw ik wat fakânsjefoto’s nei it modelleburo Paparazzi yn Amsterdam stjoerd. Dêrnei is it hiel hurd gien.’

Lês fierder >


Albert docht wer mei oan SjONG

Ferline jier wie hy fan de partij en fan ’t jier docht hy wer mei oan SjONG: Albert van der Tuin (13) fan de Harkema.
Linkk socht kontakt mei him en frege fan alles oer syn sjongen, gitaarspyljen en teksten skriuwen.


‘Ik bin op myn tsiende begûn mei gitaarles op de muzykskoalle. Dêr ha ik akkoarden spyljen leard, dyst brûkst by popferskes. Sjonge die ik earst noch net. Op de basiskoalle ‘it Holdersnêst’ by ús yn it doarp ha ik wol meidien oan in musical. Sa is it sjongen eins begûn.

Lês fierder >


Trends simmer 2009

De winterjas, mûtse en wanten meie wer fier fuort stoppe wurde yn de kast. It foarjier komt deroan! It wurdt wer langer ljocht, op ’e fyts sûnder jas, lekker bûten sitte, barbeknoeie, fuotbalje en op ‘e dyk omhingje! Net mear op’e kop yn’e hûs, yn’e joggingbroek bankhingje of achter de kompjûter. Mar derút. En yn dy chillklean kinsto dy fansels dit foarjier echt net mear fertoane. Hoe komsto no it hotst foar de dei as de sinne aanst wer skynt? Wat binne de nijste trends op moadegebiet? Linkk Modellen Tjitske de Jong (13 jier) en Wesley de Vries (14 jier) fan it CSG yn Balk litte it sjen.

Lês fierder >


Aldo & Tessa van Aalderen
Broer en suster op it iis

Yn dit sportportret diskear in dûbelportret oer Aldo (17) & Tessa (13) van Aalderen, broer en suster, út Skarsterbrêge. Harren heit en mem, Rob en Wieke, bringe yn 'e wike hiel wat tiid troch yn iisstadion Thialf op It Hearrenfean. Aldo docht oan iishockey en traint twa kear yn 'e wike. ‘Twa oeren op it iis en dêrnêst doch ik noch twa oeren oan fitness’, fertelt Aldo. Yn it wykein docht hy dan noch mei oan in wedstriid. Tessa traint sels seis oant sân kear yn 'e wike. ‘Dat binne trainings fan oardel oant twa oeren. Nei it ynriden oefenje ik myn sprongen en pirûettes of ik doch in testkür of myn lange kür,’ fertelt Tessa. Ek Tessa hat tidens it seizoen regelmjittich in wedstriid yn it wykein.

Lês fierder >


In libben mei hynders

Langer as in wike kinne se net op fakânsje nei eigen sizzen. It binne nammentlik hynders, hynders en nochris hynders wat de klok slacht by de famylje Tolman út Jorwert. Se ha dan ek in stâl mei acht boksen, dy’t op dit stuit op ien nei allegearre beset binne. It hynderfirus is Annigje (16 jier) en suske Cornelia (12 jier) mei de brijleppel ynjûn. Annigje: ‘Ja, it giet by ús thús in protte oer hynders.’

Lês fierder >


Hot or not?!

Hip wêze, dat falt noch net ta. Fansels binne der genôch tydskriften, programma’s op televyzje en oars wol wat freonen en freondinnen dy’t je de nijste trends sjen litte, mar dan noch, it falt net ta. Al hielendal net as je dan ek noch yn dizze provinsje wenje, want yn de Rânestêd fine se mar al ta gau dat wy hjir efterrinne. LinKk frege fjouwer hippe froulju fan it Lauwers Kolleezje fan Bûtenpost nei harren miening oer trends; hot or not?!

Lês fierder >


Tûsjee
koart ferhaal

It libben is net maklik mei in âldere sus en foaral at se ferkearing hat. Wy skele mar twa jier, fiif moanne en santjin dagen, mar at se in love is, kriget se de typyske gewoante om my te behanneljen as it sleauwe baby-broerke. As in blêd oan in beam transformearret se yn Madame Wrâldwiis en is se net te brûken. Oan ien tried troch hat se dan kommintaar op myn dwaan en litten. ‘Doch net sa lytsbernich, Jan-Ysbrand’ of ‘Wat witsto dêr no fan, Jan-Ysbrand, bist noch mar fjirtjin.’ Yn de deistige omgong bin ik gewoan Ys, mar at der in jonge yn it spul is, fynt se it nedich myn komplete namme te brûken. Om gek fan te wurden.

Lês fierder >


Bouktje Boerma is Miss Fryslân

De 20-jierrige Bouktje Boerma is yn novimber keazen ta moaiste frou fan Fryslân. Bouktje mocht dêrom meidwaan oan de finale fan Miss Nederlân 2008 op 30 novimber. Sy neamt harsels in spontane, sosjale en freonlike meid.

Bouktje sit al 4 jier by in modelleburo en wurket in soad as gastfrou by wedstriden en beurzen. Sy docht ek wolris fotoshoots, lêsten hat Bouktje noch yn ’e Telegraaf stien. Bouktje hat yn 2007 ek meidien oan de ferkiezing foar Miss Fryslân. ‘Doe fûnen se my te jong, dêrom bin ik doe twadde wurden. Doe sei de sjuery dat ik yn 2008 foaral wer meidwaan moast, dat haw ik dus ek dien.’

Lês fierder >

12-03-2009

LinKk oer 'Trends' freed en snein op televyzje

Freed 13 maart 2009 op Nederlan 2 om 10.00 oere
Snein 15 maart 2009 op Omrop Fryslân om 16.00 oere


De LinKkers sitte fol positive enerzjy en sille op paad mei de 'Blijbrigade'. Dat binne minsken dy't oare minsken samar bliid meitsje mei in blomke, in fergees krûpke of komplimint.

Ek komme se mei it idee in eigen rap te meitsjen hjiroer. Dat ferske stiet yntusken al op Youtube: http://www.youtube.com/watch?v=7Y8u23hz3uY.



Pier sjocht de LinKkers mei de Blijbrigade op strjitte mar lûkt hiel oare konklúzjes as dat se minsken bliid meitsje. Hy tinkt dat de LinKkers wat útfrette en warskôget de oare âlden.

By it sjen fan de utstjoering fan LinKk op televyzje falle alle stikjes te plak en blykt dat Pier krekt wat te rap konklúzjes lutsen hat.

26-01-2009

LinKk 4 'Bisten en natuer'

Hoi jonges en famkes,

‘Bisten en natuer’ is it tema fan dizze fjirde LinKk. Jimme kinne yn dizze LinKk in spannend bisteferhaal lêze en wat mear te witten komme oer geiten. Jim sille sels fêst ek in húsdier ha. Yn dizze LinKk fertelle learlingen fan it Bornego College yn De Jouwer oer harren húsdieren.

Fansels binne der ek oare ûnderwerpen yn dizze LinKk. SjONG komt der wer oan, lês it ynterview mei de SjONG-winneres fan it ôfrûne jier, Yldau Bylsma. Ek kinne jim lêze hoe’t it FeRstival ferrûn is.

Wy winskje jim wer in protte lêsnocht ta.

Ut namme fan de redaksje,
Jinke Stoker
Cedin / Taalsintrum Frysk



Sven Kramer WAS HERE

Learlingen komme en learlingen gean. De measten ferdwine yn ‘e maatskippij en binne dan foargoed út it each. Se groeie op, studearje, fine in baan, trouwe al of net en op skoalle sil nimmen wer fan har hearre. Soms is dat oars. Dan komme dy âld-learlingen op ‘e televyzje, wurde se bekend… En dan roppe se: dat wie ien fan ús! Sa roppe se ek op dy skoalle op It Hearrenfean:

Sven Kramer was here

Sven is net allinne bekend, hy is beroemd! Wrâldferneamd! Hy is ít idoal fan safolle famkes en jonges en net allinne fan jonge hurdriders. Sven is in reedrider dy’t hast alles al wûn hat. Yn desimber 2008 waard er foar de fjirde kear yn syn karjêre Nederlânsk kampioen Allround. Hy wûn de 1500, 5000 en 10.000 meter.

Lês fierder >


EUREGUA, in soarte fan Frysk ‘Triviant’

Op 19 novimber mochten learlingen fan it AMS yn Frjentsjer yn de les in spultsje dwaan. Nee, dat mei oars net en it wie ek net samar, se dienen it om sjen te litten hoe’t it spultsje wurke. It gie om it edukative selskipsspul EUREGUA fan de Ried fan de Fryske Beweging. It waard dy dei presintearre op it AMS.

Lês fierder >


Loverboys, soks bart dochs net yn Fryslân? Of wol?

Foarljochters fan Fier Fryslân jouwe gastlessen op middelbere skoallen om learlingen der bewust fan te meitsjen wat der mis gean kin op it internet. De learlingen moatte bewuster wurde fan de gefaren fan internet. Ut ûndersyk blykt dat jongeren faak fia internet benadere wurde foar seksuele hannelingen foar de webcam, geheime ôfspraken en seksueel tinte chatsesjes. Somtiden is de grins tusken frijwillige en twongen seks hiel tin. Ut ûndersyk blykt dat ien op de seis famkes en ien op de tweintich jonges wolris twong is ta in seksuele hanneling. De foarljochting fan Fier Fryslân besiket dat te foarkommen.

Lês fierder >


Skaker Gert-Jan Rauw, talint foar de takomst?

Dit kear folgen wy foar it LINKK sportportret de 15-jierige skaker Gert-Jan Rauw tidens it twa dagen duorjende Remco Heite skaaktoernoai yn Wolvegea. Twa jier lyn wie Gert-Jan noch dé ûntdekking fan it Iepen toernoai, om’t er ûnferwachts wist te winnen fan in Internationaal Meester (IM) en in Candidate Meester (CM). Dit jier rûn it spitich genôch allegearre wat minder foar de skaker út Damwâld. Mei twa winstpartijen en trije remises einige hy op it 32e plak.

Lês fierder >


Foarút mei de geit

Geiten as hobby

Gert-Jan Nieuwland wennet yn Rotstergaast en hâldt geiten foar de hobby. LinKk woe dêr wol wat mear fan witte.

Hoe komst der by om geiten te hâlden?
Gert-Jan: ‘Wy wenje op in pleats, dat wy ha de romte der foar. Neist hûs ha wy in kampke lân en yn ’e skuorre in hok foar winters.
Geiten binne leuke bisten. ’t Is prachtich om se simmers yn it lântsje draven en boartsjen te sjen. Foaral de jonge geitsjes binne machtich. Se klimme en klauterje op stiennen en beamstammen, dy’t yn it lân lizze.
Der is ek wolris ien ûntsnapt. Dy hat doe sawat ús hiele grientetún opfretten. Dan bist earst poerlilk. Mar ach, ik fyn it dan ek wol grappich dat se ris wat kattekwea úthelje.’

Lês fierder >


FeRstival

It Ferstival, de foardrachtskriich foar jongerein wurdt hieltyd populêrder. In jier ferlyn beslet de organisaasje ta in opjefte stop, doe’t 188 learlingen harren opjoegen! Yn de 66 jier dat it Ferstival no bestiet wie dat noch noait foarkaam. Miskien ha programma’s as Idols der wat mei te krijen, mar Fryske poëzij is hartstikke hip!

Lês fierder >


FLEISFERFANGER
In HuverFerhaal

Troch Ate Grypstra

It hert bûnzet har yn ’e kiel. Se draaft. Se himet. De longen baarne har yn it liif.
Liif... liif? Hat se eigentlik noch wol in liif?
Se sjocht eefkes nei ûnderen ta en mei in skok realisearret se har dat se hielendal gjin klean oan hat! Spierneaken draaft se oer it wiete asfalt troch de inketswarte nacht. It moat hjir ek net mâlder wurde! Wêr binne al har klean yn himelsnamme bleaun?!

Lês fierder >


Winneres Yldau Bylsma oer SjONG:
‘It like wol oft ik Idols wûn hie’

As Yldau Bylsma (18) weromsjocht op SjONG 2008 dan hie se it har allegear hiel oars foarsteld. ‘Ik hie wolris wat filmkes op ynternet sjoen, mar dat it sa grut wêze soe, dat hie ik net tocht.’ En doe’t se de finale wûn hie, waard it hielendal in gekkehûs. ‘Der waarden allegear foto’s makke en se kamen mei televyzjekamera’s op my ôf. It like wol oft ik Idols wûn hie, sa kaam it op my oer.’

Lês fierder >


Ik en myn húsdier

De measte jongeren hawwe wol in húsdier dêr’t se hielendal gek op binne. Wy fan LinKk woenen wolris witte hokfoar húsdieren jimme ha en wêrom’t dat húsdier sa spesjaal is. Dêrom binne wy op besite west by klasse 1c fan it Bornego College yn De Jouwer.

Lês fierder >

22-01-2009

Freed 23 jannewaris LinKk 'Bisten en Natoer'

Yn dizze oflevering giet it ris om bisten dêr't we net altyd op sitte te wachtsjen. Op it pension sit kjifkrobbe, op it honk binne mûzen en op skoalle binne luzen. As de LinKkers de earste mûs fange neame se 'm Madelief. Henk hâldt syn sprekbeurt dan ek mar oer mûzen. Mar ien mûs komt nea allinne. En luzen ek net. Wêr komme dy luzen wei? Rektor De Boer tinkt dat wol te witten. By Elske, tinkt hy. Soe dat wier wêze? En Pier, Oene en Jaap sille op jacht om sels in ein te sjitten, de LinKkers filmje it as bewiis. Se komme yndie mei in sketten ein thús, mar wa hat 'm no sketten?

Freed 23 jannewaris 2009 om 10.00 oere Ned. 2
Snein 25 jannewaris 2009 om 16.00 oere Omrop Fryslan

20-01-2009

LinKk 3 'Kommunikaasje'

Hoi jonges en famkes,

‘Kommunikaasje’ is it tema fan dizze tredde LinKk. Der wurdt op in hiel soad ferskillende wizen kommunisearre. Fia de webside fan skoalle, mei in moai gedicht of sels mei help fan in ‘webchair’. Wat dat is, in webchair? Dat lêze jim yn dizze LinKk.

En fansels wurdt der ek kommunisearre yn it Frysk. Der wurdt in soad Frysk praten, mar ek SMSe en maile dogge guon geregeld yn it Frysk. Yn dizze LinKk fertelle learlingen fan it Liudger yn Brgm (SMS-taal foar Burgum) dêroer.

Wy winskje jim wer in protte lêsnocht ta.

Ut namme fan de redaksje,
Jouke Douwe de Vries
Cedin / Taalsintrum Frysk



Steven de Jong WAS HERE

Learlingen komme en learlingen gean… mar soms komme se werom, yn it nijs, op ‘e televyzje. Dan sizze se op dy skoallen: ‘Sjoch! Dat wie ien fan ús! Dy hat hjir les hân. Ja, ja… wy hawwe him dy basis jûn!

Miskien sizze se dat ek op ’e Jouwer, dêr’t Steven de Jong op skoalle siet. Mar in learder wie it net. Op it fytske út Skarsterbrêge wei seach er de fûgels fleanen en it leafst woe er dy mar achter nei. Hy wie gek fan toanielspyljen, sprong sûnder eangst op it toaniel of stie bretaal foar de kamera. Hy fytste syn dream achternei en dy kaam út. Hy is no de bekendste TV/film-makker fan Fryslân.

Lês fierder >


Nei Afrika foar PUBERRUIL: spannend!

Petra Soepboer út Dokkum is 16 jier en docht op de Friese Poort de oplieding Helpende Zorg en Welzijn. Dat is allegear net sa spannend. Wol hiel bysûnder is dat se meidien hat oan it KRO-programma PUBERRUIL. Wylst de Keniaanse Judy Mumbi in wike yn Dokkum wie, reizge Petra nei Nairobi, de haadstêd fan Kenia. Acht oeren yn it fleantúch en in wike yn it waarme Kenia.

Lês fierder >


‘Ik sms yn it Frysk as de oar ek Frysk is’

SMSe yn it Frysk. Docht de jeugd fan tsjintwurdich dat wolris? Dat woenen wy fan LinKk wolris witte en dêrom setten wy ôf nei it CSG Liudger yn Burgum, want dêr binne se altyd tige Frysk. Learlingen prate dêr op skoalle ûnder inoar in soad Frysk en boppedat krije se it ek yn alle learjierren as fak oanbean.

Lês fierder >




Keeper Andries Noppert is befreone mei de bal

Hokker jonge dreamt der net fan om letter proffuotballer te wurden? Ek de 14-jierrige Andries Noppert fan De Jouwer koesteret dizze dream en hy docht syn uterste bêst om ’m wier te meitsjen. Fiif jier lyn kaam hy by de fuotbalskoalle fan SC Hearrenfean en op dit stuit is hy twaddejiers C-junioar. Andries is de hiele wike mei fuotbal dwaande. ‘Ik ha der wille yn en dat is foar my it wichtichste.’

Lês fierder >


Seehûnen

Yn it rêstige Pieterburen stiet de bekende seehûnekres fan Lenie ’t Hart. It klopjende hert fan alles dat mei seehûnen te krijen hat yn Nederlân en fier dêrbûten. Roel van Aalsum en Ashley Bijl hawwe praten mei de ‘mem’ fan alle seehûnen.

Lês fierder >


Arendjan krijt thús les fia in ‘webchair’

Arendjan Bosma is learling fan it CSG Lauwers College yn Bûtenpost. Hy sit yn de tredde klasse fan it VWO. Alve septimber wie foar him in wichtige dei. Op dy dei waard in ‘webchair’ pleatst op syn skoalle. De earste yn Fryslân! Hjirtroch kin Arendjan no thús de lessen folgje.

Lês fierder >


Jephta de Visser wint de Slauerhoff poëzypriis 2008

Jephta de Visser (15) út Warten sit yn de fjirde klasse fan it VWO op Piter Jelles Impulse. Jephta kin hiele moaie gedichten skriuwe. Mei ien fan har gedichten hat se dan ek twa grutte prizen wûn.

Lês fierder >

12-11-2008

LinKk 3 'Kommunikaasje' - 28 novimber, Ned. 2, 10.00 oere

Yn de ofrûne ôflevering fan LinKk ha we sjoen dat Diana oanriden waard. Diana hat in pear dagen út 'e tiid west en yn LinKk 'Kommunikaasje' sjogge we hoe't dat ôfrint. Giel hat dêr in belangrike rol yn en Diana's heit kin ek net oars mear as Giel de hân tastekke. Giel set him noch eefkes te plak.

De LinKkers meitsje yntusken opnames by Omrop Fryslân om alles te witten te kommen oer de nije foarmjouwing fan de Omrop. Pier en Brecht binne drok dwaande mei de lêste saken fan it nije pensjon en Pier hat kafee P&B ferhierd oan de Omrop. Dat Oene der tydlik noch wennet is hy ferjitten te melden en troch in misferstân tinkt Pier ek noch dat hy it nije sportprogramma fan de Omrop presintearje mei.






Marije

Diana

Giel

Henk

Elske

Jorrit

De werhellings fan LinKk 1, 2 en 3 sille wêze yn desimber op snein tusken 16.00 en 17.00 oere. Sjoch foar mear ynfo op de site fan Omrop Fryslân.

De werhellings binne no ek al online te besjen fia 'Uitzending Gemist':
LinKk 1 'Minsken en Moetings'
LinKk 2 'Famylje en Freonen'