LinKk 5 oer 'Trends'
Hoi jonges en famkes,
‘Trends’ is it tema fan dizze fyfde LinKk. Jimme kinne yn dizze LinKk dan ek lêze wat hjoed de dei ‘hot’ en ‘not’is. By de metamorfoze kinst sjen wat de nijste moade is. Wy komme yn dizze LinKk yn ’e kunde mei Bouktje Boerma, de nije Miss Fryslân, en Doutzen Kroes fertelt oer har âlde skoalle en har libben no. En Bouktje en Doutzen binne beide ‘hot’!
Fansels binne der ek oare ûnderwerpen yn dizze LinKk. Omrop Fryslân siket nije akteurs foar LinKk! Liket dat dy wat? Sjoch dan gau op side 12 en 13! Ditkear kinne jimme ek in priis winne troch de fragen op side 18 en 19 te beantwurdzjen, in soad súkses!
Wy winskje jim wer in protte lêsnocht ta.
Ut namme fan de redaksje,
Jinke Stoker
Cedin / Taalsintrum Frysk
Doutzen Kroes WAS HERE
Learlingen komme en learlingen gean. Dat jildt foar alle skoallen. De measte learlingen ferdwine en wurde fergetten. Mar as der letter sa’n âld-learling wrâldferneamd wurdt, dan roppe se op dy skoalle: ‘Sjoch, dat wie ien fan ús!’Doutzen Kroes was here
Doutzen Kroes is berne yn Eastermar op 23 jannewaris 1985. Se gie gewoan nei de basisskoalle, helle gewoan de havo en no is se in topmodel en fertsjinnet se miljoenen euro’s. ‘Nei de havo woe ik wol wat fertsjinje en in modeshow rinne, dat like my wol in leuk bybaantsje. Dus doe haw ik wat fakânsjefoto’s nei it modelleburo Paparazzi yn Amsterdam stjoerd. Dêrnei is it hiel hurd gien.’
Lês fierder >
Albert docht wer mei oan SjONG
Ferline jier wie hy fan de partij en fan ’t jier docht hy wer mei oan SjONG: Albert van der Tuin (13) fan de Harkema.Linkk socht kontakt mei him en frege fan alles oer syn sjongen, gitaarspyljen en teksten skriuwen.
‘Ik bin op myn tsiende begûn mei gitaarles op de muzykskoalle. Dêr ha ik akkoarden spyljen leard, dyst brûkst by popferskes. Sjonge die ik earst noch net. Op de basiskoalle ‘it Holdersnêst’ by ús yn it doarp ha ik wol meidien oan in musical. Sa is it sjongen eins begûn.
Lês fierder >
Trends simmer 2009
De winterjas, mûtse en wanten meie wer fier fuort stoppe wurde yn de kast. It foarjier komt deroan! It wurdt wer langer ljocht, op ’e fyts sûnder jas, lekker bûten sitte, barbeknoeie, fuotbalje en op ‘e dyk omhingje! Net mear op’e kop yn’e hûs, yn’e joggingbroek bankhingje of achter de kompjûter. Mar derút. En yn dy chillklean kinsto dy fansels dit foarjier echt net mear fertoane. Hoe komsto no it hotst foar de dei as de sinne aanst wer skynt? Wat binne de nijste trends op moadegebiet? Linkk Modellen Tjitske de Jong (13 jier) en Wesley de Vries (14 jier) fan it CSG yn Balk litte it sjen.Lês fierder >
Aldo & Tessa van Aalderen
Broer en suster op it iis
Yn dit sportportret diskear in dûbelportret oer Aldo (17) & Tessa (13) van Aalderen, broer en suster, út Skarsterbrêge. Harren heit en mem, Rob en Wieke, bringe yn 'e wike hiel wat tiid troch yn iisstadion Thialf op It Hearrenfean. Aldo docht oan iishockey en traint twa kear yn 'e wike. ‘Twa oeren op it iis en dêrnêst doch ik noch twa oeren oan fitness’, fertelt Aldo. Yn it wykein docht hy dan noch mei oan in wedstriid. Tessa traint sels seis oant sân kear yn 'e wike. ‘Dat binne trainings fan oardel oant twa oeren. Nei it ynriden oefenje ik myn sprongen en pirûettes of ik doch in testkür of myn lange kür,’ fertelt Tessa. Ek Tessa hat tidens it seizoen regelmjittich in wedstriid yn it wykein.Lês fierder >
In libben mei hynders
Langer as in wike kinne se net op fakânsje nei eigen sizzen. It binne nammentlik hynders, hynders en nochris hynders wat de klok slacht by de famylje Tolman út Jorwert. Se ha dan ek in stâl mei acht boksen, dy’t op dit stuit op ien nei allegearre beset binne. It hynderfirus is Annigje (16 jier) en suske Cornelia (12 jier) mei de brijleppel ynjûn. Annigje: ‘Ja, it giet by ús thús in protte oer hynders.’Lês fierder >
Hot or not?!
Hip wêze, dat falt noch net ta. Fansels binne der genôch tydskriften, programma’s op televyzje en oars wol wat freonen en freondinnen dy’t je de nijste trends sjen litte, mar dan noch, it falt net ta. Al hielendal net as je dan ek noch yn dizze provinsje wenje, want yn de Rânestêd fine se mar al ta gau dat wy hjir efterrinne. LinKk frege fjouwer hippe froulju fan it Lauwers Kolleezje fan Bûtenpost nei harren miening oer trends; hot or not?!
Lês fierder >
Tûsjee
koart ferhaal
It libben is net maklik mei in âldere sus en foaral at se ferkearing hat. Wy skele mar twa jier, fiif moanne en santjin dagen, mar at se in love is, kriget se de typyske gewoante om my te behanneljen as it sleauwe baby-broerke. As in blêd oan in beam transformearret se yn Madame Wrâldwiis en is se net te brûken. Oan ien tried troch hat se dan kommintaar op myn dwaan en litten. ‘Doch net sa lytsbernich, Jan-Ysbrand’ of ‘Wat witsto dêr no fan, Jan-Ysbrand, bist noch mar fjirtjin.’ Yn de deistige omgong bin ik gewoan Ys, mar at der in jonge yn it spul is, fynt se it nedich myn komplete namme te brûken. Om gek fan te wurden.
Lês fierder >
Bouktje Boerma is Miss Fryslân
De 20-jierrige Bouktje Boerma is yn novimber keazen ta moaiste frou fan Fryslân. Bouktje mocht dêrom meidwaan oan de finale fan Miss Nederlân 2008 op 30 novimber. Sy neamt harsels in spontane, sosjale en freonlike meid.Bouktje sit al 4 jier by in modelleburo en wurket in soad as gastfrou by wedstriden en beurzen. Sy docht ek wolris fotoshoots, lêsten hat Bouktje noch yn ’e Telegraaf stien. Bouktje hat yn 2007 ek meidien oan de ferkiezing foar Miss Fryslân. ‘Doe fûnen se my te jong, dêrom bin ik doe twadde wurden. Doe sei de sjuery dat ik yn 2008 foaral wer meidwaan moast, dat haw ik dus ek dien.’
Lês fierder >

0 reacties:
Een reactie posten
Aanmelden bij Reacties posten [Atom]
<< Homepage