Fiskje
Wy sieten op de steiger by de feart, in lyts eintsje bûten it doarp. It fêste fiskplakje fan foaral de âlde mannen út ús doarp. Mar hjoed wienen dy der net.
’Gelokkich net’, tocht ik by mysels.
Jetse wie der wol. Net op ‘e steiger, mar hy siet in eintsje fierderop. Hy hie ús grif wol oankommen sjoen. Hy siet yn it hege gers mei twa angels. Hy sei neat en wy ek net.
Lútsen en ik setten ús angels yn elkoar. Lútsen wie der samar mei klear, hy fiske wol faker. Mar foar my wie it noch in hiele toer om fan dy trije stikken bamboe in angel te meitsjen.
‘Wat duorret dat lang mei dy’, sei Lútsen, ‘do fiskest dochs wol faker? Of is it hjoed dyn earste kear?’
Hy lake, mar ik net.
‘Dizze angel is net fan my, mar fan Jildert. Ik mocht him wol even liene. Hy hat dy fan my stikken makke. Dy djoere. Do witst wol’.
Dat wie net wier. Ik hie sels net iens in angel. Ik fiske noait, want ik hold der net fan. Hiel lang lyn, hie ik wolris fiske mei myn omke Harke. Dy fiske hiel faak, want hy hie oars dochs neat te dwaan. Ik fûn der doe ek al neat oan. En no ek net. Mar dat hoegde Lútsen fansels net te witten.
>>Mear yn Linkk 1 fan septimber 2007>>

0 reacties:
Een reactie posten
Aanmelden bij Reacties posten [Atom]
<< Homepage