LinKk.tv
Webside fan it televyzjeprogramma en it blêd LinKk
Searje LinKk 'online': LinKk 1 LinKk 2 LinKk 3 LinKk 4 LinKk 5 |
LinKk 1 (9MB) LinKk 2 (5MB) LinKk 3 (7MB) LinKk 4 (4MB) LinKk 5 (4MB) |
LinKk 1 - Frysk - NF LinKk 2 - Frysk - NF LinKk 3 - Frysk - NF LinKk 4 - Frysk - NF LinKk 5 - Frysk - NF |
Mear witte oer de LinKk-spilers? Klik hjir!
16-10-2008
13-10-2008
Hoi jonges en famkes,
Dizze twadde LinKk giet oer ‘Famylje & Freonen’. Sa kinne jim ûnder oaren lêze oer Epke, it ferneamdste lid fan de famylje Zonderland fan ‘e Lemmer. Hy fertelt oer syn skoaltiid op it OSG Sevenwolden op it Hearrenfean en fansels oer syn dielname oan de Olympyske Spullen yn Peking.
Fierder komme wy yn ‘e kunde mei in stel freondinnen fan CSG Ulbe van Houten yn Sint Anne. Sy fertelle wat oer it Bildtsk en ‘doen dat in ut Bildts’. Noch mear talen leare wy kennen yn it artikel fan Jan van der West fan Mercator.
Keatser Jouke Bosje wûn mei syn maten Jelmer Hofstee en Paulus Yde Walda de Freulepartij yn Wommels en wy lêze oer de grutte famylje fan jonge Fûgelwachters yn Fryslân. De freonen fan LinKk belibje wer in bysûnder aventoer en ús SjONG-freondin Judith Fledderus, dy ús ôfrûne simmer allegear yn ‘e sin, sin, sinne setten hat, sette wy no sels ris yn it sintsje.
We hawwe diskear in heftich ferhaal fan Ate Grypstra. Dat hjit hiel tapaslik ‘Freondinnen’ en it sil grif de noadige diskusje opsmite. Ta einbeslút hearre wy wer de lêste roddels út de showbizzfamylje en sille wy op ‘e kofje by ús WitWat-freondin Marieke Swart.
Wer genôch nijsgjirrige artikels dus. Wy winskje jimme in protte lêswille.
Ut namme fan de redaksje,
Jouke Douwe de Vries
Cedin / Taalsintrum Frysk
Lês fierder yn LinKk 2
Epke Zonderland was here
Learlingen komme en learlingen geane. De measten ferdwine yn ‘e maatskippij en yn ‘e anonimiteit. Foar in skoalle is dat hiel gewoan. Mar der binne âld-learlingen dy’t noait wer fergetten wurde. Dat wurde bekende Friezen, soms sels ferneamde Nederlanners. Dan sizze se grutsk op skoalle: ‘Sjoch! Dat wie ien fan ús.’Epke Zonderland (wa ken him net?) wie ien fan OSG Sevenwolden op It Hearrenfean. Hy wenne dan wol op ‘e Lemmer, mar it wie makliker om syn learen te kombinearjen mei de oare skoalle dêr’t hy hinne gie: de Turnskoalle op It Hearrenfean. ‘De turnhal wie krekt nij en dêr wie fan alles: in falkûle, in tumblingbaan, gordels en al soks mear. Wy begûnen mei tsien oeren trainen yn ‘e wike, letter is dat útboud nei 21 oeren.’
Lês fierder yn LinKk 2
Praat mar Bildts
Deuze keer gyn opblaasbere tútlippen fan Doutzen Kroes, maar ‘n paar enthoesjaste maiden fan CSG Ulbe van Houten die’t ôns fertelle dat ’t foor hur heel gewoan is om naast Frys en Nederlâns ok de Bildtse taal te brúkken.Even foorstelle: Esmay Roersma, Eline Schiphof, Annet Bierma, Dineke Wijbenga, Rosanne Theodore en Hilde Schilstra. Se sitte alle ses in ‘e eerste klas fan ‘t fortset onderwiis in St.-Anne.
Esmay, Annet, Dineke en Sietske binne echt Bildtstalig. Eline, Rosanne en Hilde prate meestal Frys, maar ferstaan ‘t Bildts prima. Grappig is ok dat goenent tun hait en mim ferskillende talen prate. Tun hait befoorbeeld Frys en tun mim Bildts of tun een fan baiden Nederlâns. At je op ’t Bildt weune, binne je altyd wel op de een of ândere wize meertalig.
Lês fierder yn LinKk 2
Keatser Jouke Bosje dreamt oer it winnen fan de PC
De 17-jierrige Jouke Bosjer út Baaium hat it ôfrûne keatsseizoen skiednis skreaun foar Wjelsryp.Tegearre mei syn maten Jelmer Hofstee en Paulus Yde Walda hat er de Freulepartij yn Wommels wûn. Dit wurdt binnen de jongesôfdieling fan it keatsen sjoen as de wichtichste wedstriid fan it seizoen.
Jouke hat in hiel soad foar it keatsen oer. Om syn dream te ferwêzentlikjen lit er sels feestjes op sneontejûn sjitte. Ienris wol er nammentlik it belangrykste barren fan de keatssport winne: de PC (Permanente Commissie) op it Sjûkelân yn Frjentsjer.
Lês fierder yn LinKk 2
Jonge fûgelwachters en harren fûgels
Trije ferhalen fan leden fan de Vogelwacht Heerenveen – Oranjewoud en harren moaiste fûgel.
Germ Hoekstra (It Hearrenfean, 16 jier)Ik bin al sa’n sân jier by de fûgelwacht. Ik fyn fûgels prachtige bisten en ik mei graach yn de natoer en by boeren wêze. Fan myn buorman ha ‘k it ljipaaisykjen leard. Yn ‘e maaitiid is it altyd in sport om de earste te wêzen. Yn 2005 is it my slagge om mei ien aai twa prizen te winnen. Ik wie doe de earste fan ús skoalle (AOC Friesland, vmbo-groen Heerenveen) en de earste fan de jeugdfûgelwacht yn It Hearrenfean.
De moaiste fûgel fyn ik de skiere swel (‘oeverzwaluw’). Dat binne hiele lytse fûgeltsjes dy’t yn ‘e hjerst nei Afrika fleane en yn april - maaie hjir briede. Us fûgelwacht hat in steile wand makke mei gatten deryn, dêr’t se yn briede kinne. Om’t der net sa’n soad fan dy wanden mear wiene yn ‘e natoer, kaam it skiere sweltsje hjir net sa’n protte mear foar. No giet it wer folle better.
Lês fierder yn LinKk 2
Judith Fledderus yn it sintsje nei SjONG
‘Yn ‘e sin, sin, sinne kin ik kilometers rinne...’ Dat is de begjinrigel fan it ferske ‘Sin, sin, sinne’. Jim hawwe it fan ‘t simmer fêst wolris heard. It waard alle dagen útstjoerd op Omrop Fryslân yn it ramt fan de kampanje ‘Simmer yn Fryslân’. It liet wurdt songen troch Judith Fledderus en, hee, kenne wy dy net? Is sy net de nûmer 2 fan SjONG fan dit jier? Heech tiid dus om har ris op te sykjen en te freegjen hoe’t it allegear sa kommen is.Judith Fledderus is 18 jier en sit yn it twadde jier fan de PABO. Se wennet yn Ljouwert, mar is berne yn Sassenheim (Súd Hollân) en se praat gjin Frysk. Mar hoe krige se it dan yn ‘e plasse om oan in Frysktalich sjongfestival mei te dwaan? ‘Mijn zanglerares Jannie Geertsma kwam ermee dat SjONG er was. Alleen het was wel in het Fries, zei ze. Ik had zelf een nummer geschreven in het Engels en toen dacht ik: Het zou best wel leuk zijn om dat in het Fries te gaan zingen, want dan heb ik tenminste mijn eigen liedje.
Lês fierder yn LinKk 2
Freondinnen (ferhaal)
It ûndersteande ferhaal komt út de ferhalebondel ‘Heftich’ fan Ate Grypstra. ‘Freondinnen’ is ien fan de meast besprutsen ferhalen út dy bondel. It heftige taalgebrûk en it aktuele tema sille grif yn mannich lokaal foar de noadige diskusje soargje.
panic_fan538: je bdoeld nynke uit 3tb?? das n vieze vuile kanker hoer!!!!
panic_fan538: ofn iet dan?
panic_fan538: wacht ff telefon gaat…
panic_fan538: ff opneme mischien ist Erik
panic_fan538 (Zo terug)
Nynke Pijnacker stoarret ferstuivere nei it kompjûterskerm. Dat kin dochs net wier wêze? Se lêst it noch in kear. En noch in kear. It wurd ‘kankerhoer’ wurdt yn har netflues baarnd. It is krekt as hat se in hurde stomp yn ’e mage krigen.
‘No, wat ha ’k dy sein?’ seit Chantal Leegsma, dy’t neist har op in burostoel sit. Har fingers rêste lichtsjes op it toetseboerd. ‘Moaie freondinne hasto, net? Tsjongejongejonge…’
Se set in heech stimke op. ‘“Oe ja bern… sa’n leaf famke, dy Marije. Dêr soenen ús froulju ris in foarbyld oan nimme moatte...” Ik hear ’t ús mem noch tsjin dyn mem sizzen. Se moasten ris witte wat dat mins der allegear útkreammet op MSN... No, wat sil ’k ris wer werom skriuwe? Dat se sels in dikke-fize-fette slet is?’
Lês fierder yn LinKk 2
Marieke Swart, musikalstjêr 2 B
Marieke Swart út Sint Anne is noch mar 13 jier, mar se is no al in talint op it toaniel. Se sit yn de twadde klasse fan it VWO op de CSG Ulbe van Houten. Marieke hie de haadrol yn de musikal ‘Annie’ en se spile ek mei yn ‘Pinokkio’. Om mei te dwaan yn in musikal is allinne goed toanielspylje net foldwaande, moatst ek goed sjonge en dûnsje kinne. En do moatst fansels dyn senuwen de baas wêze, kinst net mei knikkende knibbels foar in seal fol minsken stean. ‘Froeger doe’t ik lyts wie, wie ik altyd oan it sjongen. Us heit en mem stienen ek faak op it toaniel. Mar doe woe ik der noch neat mei dwaan.’ Marieke gie nei de Parnas Poadiumskoalle en learde dêr dûnsjen en sjongen. ‘Dêr learde ik in soad. De learares sei dat ik der wolris wat mei dwaan koe, miskien audysje dwaan. Dêr hie ik sels noch nea oan tocht.’ Op ynternet socht Marieke doe nei audysjes, mar se koe neat fine. Uteinlik seach har mem dat der in audysje wie foar de musikal ‘Annie’.
Lês fierder yn LinKk 2
Mobyltsjes op skoalle: prima, mar dit binne de regels…
It brûken fan de mobile telefoan is fansels hiel gewoan, ek foar de earsteklassers. Faak is de oergong fan de basisskoalle nei it fuorset ûnderwiis de reden om in mobyltsje oan te skaffen. It is in feilich idee foar de âlders thús, it is fijn foar de learlingen. In sms-ke stjoere is ommers maklik, jout in soad kontakt. Op ‘e skoallen fine se dat mobile ferkear net altyd like leuk. Under de les mei it ding sitte te pielen is steurend, fine de learkrêften. Der binne skoallen dy’t it hielendal ferbiede wolle, oare skoallen stelle strange regels. Hoe sit dat eins op it Beyers Naudé yn Ljouwert?
Fiif learlingen stelle harsels foar en fertelle oer har telefoangedrach en de regels op skoalle.
Lês fierder yn LinKk 2
