Searje LinKk 'online':

LinKk 1
LinKk 2
LinKk 3
LinKk 4
LinKk 5

Tydskrift LinKk (yn PDF):

LinKk 1 (9MB)
LinKk 2 (5MB)
LinKk 3 (7MB)
LinKk 4 (4MB)
LinKk 5 (4MB)
Ferwurkingsmateriaal:

LinKk 1 - Frysk - NF
LinKk 2 - Frysk - NF
LinKk 3 - Frysk - NF
LinKk 4 - Frysk - NF
LinKk 5 - Frysk - NF


Mear witte oer de LinKk-spilers? Klik hjir!

13-10-2008

Jonge fûgelwachters en harren fûgels

Trije ferhalen fan leden fan de Vogelwacht Heerenveen – Oranjewoud en harren moaiste fûgel.

Germ Hoekstra (It Hearrenfean, 16 jier)
Ik bin al sa’n sân jier by de fûgelwacht. Ik fyn fûgels prachtige bisten en ik mei graach yn de natoer en by boeren wêze. Fan myn buorman ha ‘k it ljipaaisykjen leard. Yn ‘e maaitiid is it altyd in sport om de earste te wêzen. Yn 2005 is it my slagge om mei ien aai twa prizen te winnen. Ik wie doe de earste fan ús skoalle (AOC Friesland, vmbo-groen Heerenveen) en de earste fan de jeugdfûgelwacht yn It Hearrenfean.

De moaiste fûgel fyn ik de skiere swel (‘oeverzwaluw’). Dat binne hiele lytse fûgeltsjes dy’t yn ‘e hjerst nei Afrika fleane en yn april - maaie hjir briede. Us fûgelwacht hat in steile wand makke mei gatten deryn, dêr’t se yn briede kinne. Om’t der net sa’n soad fan dy wanden mear wiene yn ‘e natoer, kaam it skiere sweltsje hjir net sa’n protte mear foar. No giet it wer folle better.

Lês fierder yn LinKk 2

0 reacties:

Een reactie posten

Aanmelden bij Reacties posten [Atom]

<< Homepage