Searje LinKk 'online':

LinKk 1
LinKk 2
LinKk 3
LinKk 4
LinKk 5

Tydskrift LinKk (yn PDF):

LinKk 1 (9MB)
LinKk 2 (5MB)
LinKk 3 (7MB)
LinKk 4 (4MB)
LinKk 5 (4MB)
Ferwurkingsmateriaal:

LinKk 1 - Frysk - NF
LinKk 2 - Frysk - NF
LinKk 3 - Frysk - NF
LinKk 4 - Frysk - NF
LinKk 5 - Frysk - NF


Mear witte oer de LinKk-spilers? Klik hjir!

22-01-2008

Piet Paulusma was here

Learlingen komme en learlingen gean. Meastal studearje se fierder, krije in baan, in relaasje, wurde âlder en wurde fergetten. Mar der binne ek learlingen dy't net fergetten wurde kinne. Dy binne sa faak yn it nijs dat gjinien der omhinne kin. Sa'n ien is Pyt Paulusma, de waarman.

Pyt Paulusma was here

Hy wie learling fan it Anna Maria van Schurman yn Frjentsjer. ‘Ik hie belangstelling foar technyk en ik wist eins al gau dat ik dêr yn fierder woe. Sa bin ik letter nei de HTS gien, de hegere technyske skoalle en dêrnei haw ik in baan krigen by KPN Telecom.’
Mar Pyt bleau net yn telefoanferkear. Fan syn hobby makke hy syn wurk. Hy is no al wer 22 jier de fêste waarman fan Omrop Fryslân. ‘De earste kear dat ik foar de radio wie, mei myn waarberjocht wie yn 1985 tidens de Alvestedetocht. Ja, hiel Fryslân wie oerémis, want sûnt 1963 hie der noait wer in tocht west. En no soe it heve!’
Pyt foldie sa goed by Omrop Fryslân dat er dêrnei de fêste waarman waard.

Lês fierder yn LinKk 4

Pantera: út leafde foar rôfdieren

Arno van der Valk fan Pantera yn Nijeberkeap is bliid, hiel bliid. Nei 15 jier wachtsjen krige hy erkenning foar syn wurk: Pantera waard in offisjeel rôfdiereopfangsintrum, sadat der subsydzjes oanfrege wurde kinne. Dêrtroch kin der yn de takomst folle mear dien wurde foar de tigers, liuwen en panters dy’t by Pantera opfongen wurde. De grutste winsk, om de bisten in ûnderkommen te jaan yn in safaripark yn Súd-Afrika kin no miskien ek werkelikheid wurde.
Sa fier is it noch net. Earst moat der alle dagen noch keihurd wurke wurde om de 40 katachtigen te fersoargjen. Gelokkich hoecht van der Valk dat net allinne te dwaan. Hy hat help fan sa’n tritich frijwilligers.

Lês fierder yn LinKk 4

De griene learlingen út Frjentsjer

Yn Frjentsjer stiet de skoallemienskip Anna Maria van Schurman. Op dy skoalle kinst alle kanten út: vmbo, havo en ûnderbou vwo. Spesjaal is datst dêr ek it vmbo-Groen diploma helje kinst. Mar wat is dat no krekt: vmbo-groen? Linkk frege trije learlingen om wat te fertellen oer dy ‘griene opleiding’. Allegear famkes trouwes. Tafal? Nee. Op dizze oplieding sitte nammentlik net folle jonges.
Femke van Althuis (16) út Arum, Hiske Bosma (14) fan Menaam en Nynke Beerstra (14) út Frjentsjer witte wol wêrom.

Lês fierder yn LinKk 4

It ferhaal fan in Dútske jonge yn Fryslân

Hy ferstiet noch net alles en hy praat mei in aksint, mar it giet al frij aardich mei it Nederlânsk. It Frysk fynt er noch wol hiel dreech. Takomd jier kriget er yn de twadde klasse ek Dútsk op skoalle en hy wit no al dat er dan de bêste fan de klasse wêze sil. Max Leissring (13 jier) komt nammentlik út Theessen. Dat is in lyts doarpke, dat flakby de stêd Maagdenburg yn it eardere East-Dútslân leit.

Lês fierder yn LinKk 4

Projekt oer bisten? LEUK!

Op it Anna Maria van Schurman yn Frjentsjer wurkje de earsteklassers twa blokoeren yn de wike oan in projekt. Elk projekt duorret acht wike en oan it ein presintearje de groepen wat se dien hawwe. Dat klinkt miskien wat saai, mar de learlingen fine it dochs wol hiel leuk. Fiif fammen út klasse 1G fertelle der wat mear oer. Se binne entûsjast, mar ek kritysk.

Lês fierder yn LinKk 4

Ortho (koart ferhaal)

De klas wie oan’t wurk en menear de Jong siet SO’s nei te sjen. Selsstannich wurkjen hiene wy. Ik fyn der net folle oan, mar de leararen fine dat sinfol. Foar ús dan.
Wy oan’t wurk en dan kinne sy learlingen helpe of rippetysjes neisjen. Meastentiids it lêste, want dan hoege se dat jûns net mear te dwaan. Ik wie mei in wiskundeopdracht dwaande, mar dêr wie hielendal neat oan.
It wie stil yn de klas en bûten wie it prachtich winterwaar. De issbaan soe no hast wol triocht wêze…. Ik woe dat ik bûten wie.
Ik seach om my hinne. De measte bern wiene oan it wurk. Jelle net. Hy stuts syn finger op. Menear de Jong seach op fan syn SO’s.
‘Mei ik?’, frege Jelle, ‘ik moat ommers nei de ortho.’
Menear knikte. ‘’t Is goed. Komst noch werom hjoed?’, frege hy.
Jelle luts syn skouders op.
‘Wit ik net,’ sei hy, ‘ik wit net hoelang ’t it duorret.’
‘Wy sille it wol sjen’, sei menear, ‘súkses by dy man en byt him net yn syn fingers. Dan kin hy in skoftke net oan’t wurk. En ek net pianospylje.’
In pear bern laken. Ik net. Dit grapke fan menear de Jong hie’k al faker heard.

Lês fierder yn LinKk 4

Robin Jilesen fynt hurdfytsen geweldich

Ferlike mei de provinsjes Noard-Brabant of Limboarch binne der yn Fryslân net safolle jongelju dy’t oan hurdfytsen dogge. Yn it suden wurdt hurdfytsen faak mei de brijleppel yngetten, wylst it yn it noarden noch net sa bekend is by de jongerein. Ek de 13-jierrige Robin Jilesen út Dronryp hie net ferwachte dat hurdfytsen sa moai wêze soe. ‘Ik siet earst op tennisjen, mar dêr fûn ik op it lêst neat mear oan en dus moast ik wat oars sykje.’

Lês fierder yn LinKk 4

Gondropathy: wetterpolo en fytse mei altyd seare knibbels

Florence Versteegen is 15 jier. Se sit yn it eksamenjier vmbo-tl fan de AMS. Mei in pear klasgenoaten is se krekt oan de slach gien mei har SektorWurkstik. Underwerp: ‘Hoe start ik een eigen onderneming?’ Se moat boppedat noch in toets foar Dúts leare. Drokte genôch, mar likegoed makke se tiid foar Linkk om te praten oer de kwaal dy’t har al jierren dwers sit: groanyske gewrichtspine oftewol 'Chondropathie'.

Lês fierder yn LinKk 4

FeRstival 2007

Sneon 15 desimber wie de finale fan de 65ste edysje fan it FeRstival, de foardrachtswedstryd foar learlingen út it fuortset ûnderwiis. Yn it Posthûsteater op It Hearrenfean wie it in senuwachtige boel, mar de prestaasjes wienen top! Oan ‘e ein fan ‘e middei waarden de wikselbekers útrikt troch deputearre Jannewietske de Vries oan de folgjende priiswinners...

Lês fierder yn LinKk 4

07-01-2008

Tim Douwsma was here

Learlingen komme en learlingen gean. Se studearje fierder, fine in baan en ferdwine yn 'e anonimiteit. Mar soms sjogge de skoallen de learlingen werom... as bekende Fries... op 'e televyzje En dan sizze se: sjoch, dat wie ien fan ús!

Tim Douwsma was here


Hy wie fjouwer jier in learling fan de Boargemaster Harmsmaskoalle op de Gordyk, dizze 'Future Popstar'. En dat hienen se dêr fansels ek net tocht. Tim sels trouwes ek net. ‘Nee, op skoalle wie 'k dêr net sa mei dwaande, wie foaral gymnastyk myn favorite fak. Geweldige skoalle trouwes, hartstikke leuke sfear, ja beslist.’

Lês fierder yn LinKk 3

Gaël Olenga Omba - Fan Kinshasa nei Lippenhuzen

Hoe is it eins om fan it iene stuit op it oare nei in folslein oar lân te ferhúzjen? Dat is fansels hiel spannend en nijsgjirrich. Dêr wurde moaie televyzjeprogramma’s oer makke. Ek yn Linkk binne alle kearen ferhalen te lêzen oer it wenjen yn it bûtenlân. Dizze Linkk giet oer de Burgemeester Harmsmaskoalle en oer Kommunikaasje. Logysk datst dan útkomst by earsteklasser Gaël Olenga Omba.
Hy fertelt syn ferhaal...

Lês fierder yn LinKk 3

Fan Fryslân nei Skåne

By ús is Sweden bekend fan bygelyks it grutte wenwarehús Ikea en de skriuwster Astrid Lindgren, dy’t ûnder oaren de ferhalen fan Pippi Langkous en Ronja de Rôverdochter betocht hat.

Allard (13 jier) en Sybrenne (12 jier) Jellema kinne noch folle mear oer dat lân fertelle, want se wenje dêr sûnt july 2006. Se binne mei harren heit en mem, broerke Carsten en suske Bernice fan Rotstergaast nei Gärds Köpinge ferhuze. Dat is in lyts doarpke yn Skåne, de súdlikste provinsje fan Sweden.

Lês fierder yn LinKk 3

Rugbyers Wiebe Vissia & Mohamed Abdulhadi binne échte Wrotters!

Op it trainingsfjild fan Sportpark ‘Kortezwaag’ op de Gordyk treffe wy de 13-jierrige Wiebe Vissia en Mohamed Abdulhadi. Under lieding fan trainer Klaas Rijpkema, dy’t ek foarsitter fan ‘RC (rugbyclub) De Wrotters’ is, rinne de twa fanatike sporters mei noch achttjin jonge rugbyers ‘dampend’ fan it swit oer it fjild. Ze tackelje elkoar, botse hurd tsjin kessens op en kinne gelokkich oer in stjitsje. ‘Rugby is in hurde sport,’ fertelt de trainer, ‘mar ek hiel fair. Silst net sa gau sjen dat ien in oar ûnderút besiket te skoppen.’

Lês fierder yn LinKk 3

Trije, fjouwer talen thús? No problem! Makky!

Yn Kollumersweach wennet in bysûndere famylje omdat se thús trije talen brûke. Ja, soms sels fjouwer! Dat komt sa: heit Wytze van der Zwaag trof sa ‘n 9 jier lyn de asylsiker Esther Uhunamure út Nigearia yn Afrika. Nei in lange proseduere kaam einlings it goede nijs dat se yn Nederlân bliuwe mocht. Esther troude mei Wytze. Se krigen trije bern: Vera (7 jier), Margriet (4) en Laura (1). Esther hie al in dochter en dy is sûnt koart ek yn Nederlân. Blessing (15) sit op it Piter Jelles yn Ljouwert yn de ynternasjonale skeakelklasse.

Lês fierder yn LinKk 3

ADHD: ALLE DAGEN HARTSTIKKE DROK, mar hoe sit it no echt?

'Alle Dagen Hartstikke Drok'. 'Altyt Drok, (de) Hiele Dei'. Dat soe ferside sitte achter de letters ADHD, in ôfkoarting, dyst tsjinwurdich faak hearst. Mar wêr steane dy fjouwer letters no echt foar? En hokker betsjutting sit der achter dy ôfkoarting? Linkk gie op ûndersyk út en prate mei Marc Postma, dy’t sels ADHD hat.


Lês fierder yn LinKk 3

Esther de Kroon wûn de ferhalewedstriid

Alle jierren wurdt op de Burgemeester Harmsmaskoalle in ferhalewedstriid hâlden. De earste en twaddeklassers skriuwe dan by it fak Nederlâns in ferhaal. Per klasse wurde dêr earst de bêste fiif fan útsocht en dêrnei wurdt troch in sjuery in winnend ferhaal keazen. Ferline jier wie Esther de Kroon út Lippenhuzen de winnares. Esther fertelt hoe’t it gien is...

Lês fierder yn LinKk 3

MSN is út en Hyves is it hielendal

Doe’t Marrit de Vries útnoege waard foar de freonegroep fan SjONG op Hyves, wie se ien fan de earsten dy’t reagearre. ‘Ik tocht: Hee leuk, dy minsken ken ik,’ seit Marrit dy’t yn maaie finaliste wie by SjONG, it Frysktalich sjongfestival foar de jongerein. Dat se sa flot reagearre wie trouwes net sa frjemd. Se is hast alle dagen wol eefkes op Hyves te finen mei har freondinnen Wianda Bakker en Lysbet Bonnema. Se sitte alle trije yn klasse 4 VMBO-GT fan OSG Sevenwolden yn Grou.

Lês fierder yn LinKk 3

Wat seist? Ik ferstean dy net!

It is hast twa jier ferlyn dat de 15-jierrige Daan Meijerink út Suwâld noch alle dagen troch in taksy ophelle waard om nei skoalle te gean. Daan kin net goed hearre en siet derom op de De Graafschool, in spesjale skoalle, yn Grins.

No sit hy al yn it lêste jier fan de oplieding Sport, Dienstverlening en Veiligheid op Piter Jelles Nijlân yn Ljouwert. Tegearre mei de Linkk televyzjeploech gie hy noch in kear op besite op syn âlde skoalle. Dêr troffen se ûnder oaren dosint Pieter Buma en learling Mariska van Wijngaarden.

Lês fierder yn LinKk 3

Praat mar Frysk!

Miskien kenne jimme dy stikkers wol, dêr’t ‘Praat mar Frysk’ op stiet. Dat is de meast bekende fan de stikkers dy’t de lêste jierren útjûn binne. Se binne makke om de minsken oan te setten om gewoan Frysk te praten, as dat mooglik is. En dat is folle faker mooglik dan de measten tinke..

Witte jimme dat 90% fan de minsken yn Fryslân Frysk ferstean kin? Dêrom kinst ek hast altyd wol Frysk prate. De stikkers kinne oeral opplakt wurde. Der binne minsken dy ‘t ien by de doar hingjen hawwe. Sjochst se ek wol by kassa ‘s yn winkels of by loketten yn bygelyks it gemeentehûs.

Lês fierder yn LinKk 3