Praat mar Frysk!
Miskien kenne jimme dy stikkers wol, dêr’t ‘Praat mar Frysk’ op stiet. Dat is de meast bekende fan de stikkers dy’t de lêste jierren útjûn binne. Se binne makke om de minsken oan te setten om gewoan Frysk te praten, as dat mooglik is. En dat is folle faker mooglik dan de measten tinke..Witte jimme dat 90% fan de minsken yn Fryslân Frysk ferstean kin? Dêrom kinst ek hast altyd wol Frysk prate. De stikkers kinne oeral opplakt wurde. Der binne minsken dy ‘t ien by de doar hingjen hawwe. Sjochst se ek wol by kassa ‘s yn winkels of by loketten yn bygelyks it gemeentehûs.
Lês fierder yn LinKk 3

0 reacties:
Een reactie posten
Aanmelden bij Reacties posten [Atom]
<< Homepage