De nije LinKk is út
'Famylje en freonen', dat is it tema fan de twadde LinKk fan dit skoallejier. Hy is ein oktober by de measte skoallen op de matte fallen.Diskear stiet de lokaasje Brandemeer fan it Comenius yn Ljouwert sintraal. Dêr sitte in hiel soad aardige learlingen. LinKk frege oft Jump Style noch 'hot' wie en ynterviewde âld-learling 'Errol', dy't earder in haadrol spile yn de soap LinKk. Fierder is der in petear oer thústalen, sport, oer sûkersykte en noch folle mear...
Hjirûnder kinne jim alfêst wat stikjes lêze.
In soad lêswille tawinske!
Johan Bloem en Jouke Douwe de Vries

0 reacties:
Een reactie posten
Aanmelden bij Reacties posten [Atom]
<< Homepage