SjONG
As dizze Linkk ferskynt, is de finale fan SjONG krekt hâlden. De útslagen koenen dêrom fansels net meinommen wurde yn dizze Linkk. Dy binne wol bekend makke fia radio, krante, televyzje en fia de site www.sjong.nl.De finale wie de ein fan in langer trajekt, dat op ’e skoallen begûn is en dêrnei fierder gien is by Omrop Fryslân en yn it teatergebou fan ’n Meeuw yn Ljouwert. By Omrop Fryslân waarden op 27 maart de foarrondes hâlden. Dêr dienen in goede 40 acts oan mei fan in hiel soad ferskillende skoallen. De bêste 15 krigen op 4 april ek noch in wurksjop. Dêr waarden de puntsjes fan sjongen, útspraak, presintaasje en styling op ‘e i setten. Op de bygeande foto’s krije jimme in idee fan de aktiviteiten fan SjONG.
Lês fierder yn LinKk 6

0 reacties:
Een reactie posten
Aanmelden bij Reacties posten [Atom]
<< Homepage