Oppasse (koart ferhaal)
'Janet hat krekt belle om te freegjen ast moarntejûn ek oppasse kinst. Ik ha mei har ôfpraat datst der om healwei achten bist moarn. Goed?' Fan út de keuken baltet Liza har mem de fraach.
Lisa hinget yn ‘e keamer op de bank foar in ôflevering fan Spangas.
'Li zaaa?!'
'Jaha, ik hear it wol. Bin net dôf, hear!'
'No, sis dan wat, at ik dy wat freegje!'
'Ha’k noch wat te sizzen dan?'
'At ik dy wie, soe ‘k mar bliid wêze dat Janet dy noch binnen de doarren ha wol.'
'Jaha, ik gean wol. Hoe let?'
'Healwei achten.'
Lês fierder yn LinKk 5 oer 'Trends'

0 reacties:
Een reactie posten
Aanmelden bij Reacties posten [Atom]
<< Homepage