Searje LinKk 'online':

LinKk 1
LinKk 2
LinKk 3
LinKk 4
LinKk 5

Tydskrift LinKk (yn PDF):

LinKk 1 (9MB)
LinKk 2 (5MB)
LinKk 3 (7MB)
LinKk 4 (4MB)
LinKk 5 (4MB)
Ferwurkingsmateriaal:

LinKk 1 - Frysk - NF
LinKk 2 - Frysk - NF
LinKk 3 - Frysk - NF
LinKk 4 - Frysk - NF
LinKk 5 - Frysk - NF


Mear witte oer de LinKk-spilers? Klik hjir!

16-05-2008

Femke die mei oan SjONG

Femke Punter is 14 jier en sit yn ’e twadde klasse fan it Bogerman yn Wommels. Femke har grutte pasje is sjonge. Doe t sy hearde fan it sjongfestival 'SjONG' foar jongerein fan 12 oant en mei 18 jier, wie sy ek daliks fan plan om hjir oan diel te nimmen.

It sjongen yn it Frysk foar in grut publyk hie Femke al ris earder dien. Tidens de Krystfiering fan de skoalle yn desimber hat sy foar de hiele skoalle songen. ‘Us learares Frysk begeliede ús skoalbandsje en sy ûntduts doe dat ik wol moai sjonge koe. Sy fûn dat ik in hiel eigen sound hie.'

Lês fierder yn LinKk 6

Frjemde talen yn Wommels? Gewoan dwaan!!

(Frjemde) talen op skoalle is hiel gewoan. Ingelsk, Dútsk, Frânsk, Nederlânsk, Frysk. Mar… in taal leare is hiel wat oars as in taal prate. Dan moatst oefenje, dan moatst de taal echt brûke. Op skoallemienskip Bogerman yn Wommels ha se dêrom it taleplein betocht. Taleplein!? Wat is dat no wer?

Sanne Kuipers (12) fan Nijlân, Atze Steneker (13) út Winsum en Amarins Poelstra (12) ek út Winsum sitte yn de earste klasse en fertelle wat se dan op dat ‘plein’ dogge. Al in heal jier dogge se der oan mei. Alle earste en twadde klassers draaie dan mei op sa’n ‘talemiddei’. Om de safolle wiken komme der wer oare talen oan de beurt.

Lês fierder yn LinKk 6

Konfrontearjende wike foar Mirjam yn Oeganda

Tongersdei 28 febrewaris 2008 kaam Mirjam Bakker (15 jier) út Easterein werom op Skiphol. Se hie mei noch 53 learlingen út hiel Nederlân as ferslachjouwer nei Oeganda west. Tidens de achtdaagse reis ha se ûnderwiisprojekten besocht, mei leeftiidsgenoaten praat en har ferdjippe yn it deistige libben fan dat Afrikaanske lân.
Mirjam: 'Sa’n wike is net foar watjes. It wie heftich en yndrukwekkend.'

Lês fierder yn LinKk 6

Gymnasium yn Wommels

‘Priveeles Latyn en Gryks,’ sa neame Anneke Hofstee en Aly Boersma it. Sy sitte yn de tredde klasse en dogge gymnasium. Se hoege dêrfoar lykwols net nei Snits, want se krije gewoan les op harren eigen Bogermanlokaasje yn Wommels. Priveeles dus, trije kear yn ‘e wike fan mefrou Van Pursem.

Lês fierder yn LinKk 6

Shanna Leemhuis en Wouter Appelboom

libje har út mei judo

Diskear giet it oer twa 14-jierrige judoka's yn 'us Linkk Sportportret: Shanna Leemhuis út Tsjom en Wouter Appelboom út Hilaard. Wy treffe har yn it Sport- en Sûnenssintrum Véronique Akkermans yn Wommels nei ôfrin fan in training.

Lês fierder yn LinKk 6

It kin samar oars dat witte Iris en Hilde mar al te goed

‘It wie yn ‘e nacht fan 29 op 30 desimber 2007. Ik lei al op bêd en doe hearde ik wol dat der op de ruten slein waard. Mar ja, it wie hast âld en nij, dat ik tocht dat it in grapke wie of sa.’

‘Ik wie yn ‘e keamer oan it dûnsjen mei myn lytse suske. Dy foel ynienen foaroer. Se bleau lizzen. Ik hie neat yn ‘e gaten, ik tocht dat se my foar de gek ha woe of sa.’

Mar it wie gjin gekheid. By Hilde van der Meer wie it de plysje dy’t op ‘e ruten sloech. Har broer Thomas (18) hie in swier ûngemak hân.
By Iris Holman har suske Leah gie it om in hertstilstân. Foar Hilde en Iris feroare der op slach fan alles.

Lês fierder yn LinKk 6

Salsa Famke

It nijste boek fan Hanneke de Jong

Al earder skreau Linkk oer skriuwster Hanneke de Jong fan Frjentsjer en har boeken ‘De lêste brief’ en ‘Sterke skouder.’ Krektlyn kaam in nij boek fan har út. It giet oer Freya dy’t mei heit en mem en broerke op fakânsje nei Curaçao giet, omt har broer dêr staazje rint. Se komt yn ’e kunde mei Guido, de maat fan har broer. As se mei him de salsa dûnset, wit se al gau: him wol ik ha, it kin neat skele wat ik dêr foar dwaan moat. Ienkear werom yn Nederlân fernimt se dat de fakânsje net sûnder gefolgen bleaun is.

Lês fierder yn LinKk 6

SjONG

As dizze Linkk ferskynt, is de finale fan SjONG krekt hâlden. De útslagen koenen dêrom fansels net meinommen wurde yn dizze Linkk. Dy binne wol bekend makke fia radio, krante, televyzje en fia de site www.sjong.nl.

De finale wie de ein fan in langer trajekt, dat op ’e skoallen begûn is en dêrnei fierder gien is by Omrop Fryslân en yn it teatergebou fan ’n Meeuw yn Ljouwert. By Omrop Fryslân waarden op 27 maart de foarrondes hâlden. Dêr dienen in goede 40 acts oan mei fan in hiel soad ferskillende skoallen. De bêste 15 krigen op 4 april ek noch in wurksjop. Dêr waarden de puntsjes fan sjongen, útspraak, presintaasje en styling op ‘e i setten. Op de bygeande foto’s krije jimme in idee fan de aktiviteiten fan SjONG.

Lês fierder yn LinKk 6