Searje LinKk 'online':

LinKk 1
LinKk 2
LinKk 3
LinKk 4
LinKk 5

Tydskrift LinKk (yn PDF):

LinKk 1 (9MB)
LinKk 2 (5MB)
LinKk 3 (7MB)
LinKk 4 (4MB)
LinKk 5 (4MB)
Ferwurkingsmateriaal:

LinKk 1 - Frysk - NF
LinKk 2 - Frysk - NF
LinKk 3 - Frysk - NF
LinKk 4 - Frysk - NF
LinKk 5 - Frysk - NF


Mear witte oer de LinKk-spilers? Klik hjir!

01-11-2007

It feest giet no dochs troch

It sil no einlik heve. It feest fan Elske giet dochs noch troch. Se hat al har 'hyves'-freonen útnoege.

De nije LinKk is út

'Famylje en freonen', dat is it tema fan de twadde LinKk fan dit skoallejier. Hy is ein oktober by de measte skoallen op de matte fallen.

Diskear stiet de lokaasje Brandemeer fan it Comenius yn Ljouwert sintraal. Dêr sitte in hiel soad aardige learlingen. LinKk frege oft Jump Style noch 'hot' wie en ynterviewde âld-learling 'Errol', dy't earder in haadrol spile yn de soap LinKk. Fierder is der in petear oer thústalen, sport, oer sûkersykte en noch folle mear...

Hjirûnder kinne jim alfêst wat stikjes lêze.

In soad lêswille tawinske!
Johan Bloem en Jouke Douwe de Vries

Christopher Morgan was here!

Learlingen komme en learlingen gean. Se studearje fierder, fine in baan en ferdwine yn 'e anonimiteit. Mar soms sjogge de skoallen de learlingen werom... as bekende Fries... op 'e televyzje En dan sizze se: sjoch, dat wie ien fan ús!

Christopher Morgan was here!

Christopher Morgan wie 'ien' fan it Comenius yn Ljouwert. En hy helle mear as ien kear de televyzje, want hy spile yn 21 ôfleveringen fan LinKk. En tel dêr de herhellings by op... dan wurdst fansels in bekende Fries. En dus wurdt hy ek herkend en roppe se 'Errol' nei him, syn LinKk-tv-namme. ‘Ik werk nu tijdelijk in een kledingzaak in Leeuwarden,’ fertelt Christopher, ‘en dan zie je de mensen soms staren...’

>>Mear yn Linkk 2 fan oktober 2007>>

Jumpstyle. Hot or not?

It is net hielendal dúdlik oft Jumpstyle noch in hype is of dat it al wer foarby is.
Linkk googlele eefkes en kaam mear dan 6.000.000 resultaten tsjin.
Op You Tube stean ek hûnderten filmkes mei jumpende jonges en fammen.
Heechste tiid foar in dûk yn de Skiednis en in ynterview mei twa (eks) Jumpers.


Sander Veninga en Mitchell Wijtzes fan Comenius Brandemeer binne ek jumpers. Better sein; sy wienen jumpers. Sy hawwe der hiel aktyf yn west, mar fine dat jumpen al wer út is.
Beide jonges begûnen ferline jier yn desimber. It measte nijs is der no foar harren ôf. Sy jumpe noch wol ris op in skoaljûn of sa, mar dat is it wol. Se fine it wol aardich om der noch eefkes oer te praten

>>Mear yn Linkk 2 fan oktober 2007>>

Foar it goede doel nei Sambia

Op fakânsje gean is foar de measte jongeren in tiid fan relaxen: lekker lang útsliepe, wat swimme, miskien in moai boek lêze en foaral neat moatte. Sa net foar de freondinnen Lisa Krekt (16 jier) en Adeline Kloosterman (17 jier) út Snits. De fammen binne yn augustus mei World Servants nei it Afrikaanske Sambia west om dêr mei noch 29 jongeren út Nederlân in klinyk en in hûs te bouwen.

>>Mear yn Linkk 2 fan oktober 2007>>

SjONG yn in oare taal

It idee om in Fryske tekst te skriuwen op in bekend popliet wie in súkses. Dat hat SjONG wol dúdlik makke. Dêrom binne organisatoaren fan SjONG ek frege om it idee troch te jaan oan al dy jongeren dy’t yn de hjerstfakânsje op Skylge wienen.

Mei it sjen litten fan de site http://www.sjong.nl/ waard de bedoeling dúdlik makke.
Dêrnei krigen de dielnimmers fan de wurkwinkel de opdracht om sels in tekst te skriuwen op it liet ‘Heaven’ fan Bryan Adams, dat yn Nederlân bekend wurden is troch de útfiering fan Do.
Nei de bekende tips oer it skriuwen fan in liettekst koe elkenien begjinne.

>>Mear yn Linkk 2 fan oktober 2007>>

Ferhaal: Fjoertoer

It is woansdeitemiddei it sande oere. Klasse 2.2 hat Frâns en rint nei lokaal P5. It âlde geboutsje is skurf en keal, de kezinen heal ferrotte en de flier kreaket by alle stappen. Lokkich is it knap waar, want as it mar wat waait, fiele se de wyn om ‘e fuotten. Eltsenien hat in hekel oan it needgebou, dat al mear as fyftjin jier tydlik ûnderkommen jaan moat oant der nijbou komt.
It is der of te kâld of fierstente waarm. Mar les yn Elba, sa’t de barakken yn de folksmûle neamd wurde, hat ek twa foardielen. Ten earsten sitte der gjin wc’s yn, dus at men nei it húske moat, moat men nei it haadgebou ta. Al mei al kostet dat loopke minstens tsien minuten. En twads men hat moai sicht op de fytsehokken. Altyd leuk om te sjen wa’t komme en gean.

>>Mear yn Linkk 2 fan oktober 2007>>

‘Basketbal is een mooie sport en goed voor je conditie’

Dizze kear yn it sportportret twa talentearre basketballers út Ljouwert. Jelani Maduro en Orlando Cecilia binne allebeide 13 jier, sitte yn klas 2E fan Comenius Brandemeer en spylje yn it team ‘Bolwerk U14’. Dêr spylje de bêste spilers fan basketbalferienigings Groene Ster en Aris ûnder de 14 jier yn.

>>Mear yn Linkk 2 fan oktober 2007>>

Famylje en Freonen yn ’e showbizz

Yn ‘e showbizz falt it blykber net ta om in goede relaasje te (ûnder)hâlden mei famylje en freonen.
As bekende stjêr bist besit fan it publyk. Kinst net samar dwaan watst sels wolst. En altyd en oeral de fer*** kamera’s dy’t klikke of snorre.
Famylje en freonen yn ‘e showbizz??

>>Mear yn Linkk 2 fan oktober 2007>>

‘CF? Diabetes? Wit ik neat fan’

Jelly en Simone lizze út

Se sitte beide yn klasse 2L fan Comenius Brandemeer: Jelly Kooistra (13) út Menaam en Simone van der Heide (14) út Ljouwert. Simone hat CF, Jelly hat diabetes. Linkk woe wolris witte wat dat foar har beide betsjutte. Dat fertelden se yn de kantine fan har skoalle.

>>Mear yn Linkk 2 fan oktober 2007>>

Fiere famylje en in protte talen…

Do leaust it miskien net, mar yn Ljouwert wurde sa’n 60 ferskillende talen praat. Stjerrende wier! LINKK woe dêr ris oer prate op in skoalle. Komme der in protte learlingen út it bûtenlân? En watfoar taal/talen prate se dan? En hoe giet dat mei de famylje? Is der kontakt mei it (fiere) bûtenlân?
Op COMENIUS, lokaasje Brandemeer fertelden 11 jonges en famkes wat mear oer famylje en talen.

>>Mear yn Linkk 2 fan oktober 2007>>