Yn dizze oflevering giet it ris om bisten dêr't we net altyd op sitte te wachtsjen. Op it pension sit kjifkrobbe, op it honk binne mûzen en op skoalle binne luzen. As de LinKkers de earste mûs fange neame se 'm Madelief. Henk hâldt syn sprekbeurt dan ek mar oer mûzen. Mar ien mûs komt nea allinne. En luzen ek net. Wêr komme dy luzen wei? Rektor De Boer tinkt dat wol te witten. By Elske, tinkt hy. Soe dat wier wêze? En Pier, Oene en Jaap sille op jacht om sels in ein te sjitten, de LinKkers filmje it as bewiis. Se komme yndie mei in sketten ein thús, mar wa hat 'm no sketten?Freed 23 jannewaris 2009 om 10.00 oere Ned. 2
Snein 25 jannewaris 2009 om 16.00 oere Omrop Fryslan
Geen opmerkingen:
Een reactie posten