LinKk 4 'Bisten en natuer'
Hoi jonges en famkes,
‘Bisten en natuer’ is it tema fan dizze fjirde LinKk. Jimme kinne yn dizze LinKk in spannend bisteferhaal lêze en wat mear te witten komme oer geiten. Jim sille sels fêst ek in húsdier ha. Yn dizze LinKk fertelle learlingen fan it Bornego College yn De Jouwer oer harren húsdieren.
Fansels binne der ek oare ûnderwerpen yn dizze LinKk. SjONG komt der wer oan, lês it ynterview mei de SjONG-winneres fan it ôfrûne jier, Yldau Bylsma. Ek kinne jim lêze hoe’t it FeRstival ferrûn is.
Wy winskje jim wer in protte lêsnocht ta.
Ut namme fan de redaksje,
Jinke Stoker
Cedin / Taalsintrum Frysk
Sven Kramer WAS HERE
Learlingen komme en learlingen gean. De measten ferdwine yn ‘e maatskippij en binne dan foargoed út it each. Se groeie op, studearje, fine in baan, trouwe al of net en op skoalle sil nimmen wer fan har hearre. Soms is dat oars. Dan komme dy âld-learlingen op ‘e televyzje, wurde se bekend… En dan roppe se: dat wie ien fan ús! Sa roppe se ek op dy skoalle op It Hearrenfean:Sven Kramer was here
Sven is net allinne bekend, hy is beroemd! Wrâldferneamd! Hy is ít idoal fan safolle famkes en jonges en net allinne fan jonge hurdriders. Sven is in reedrider dy’t hast alles al wûn hat. Yn desimber 2008 waard er foar de fjirde kear yn syn karjêre Nederlânsk kampioen Allround. Hy wûn de 1500, 5000 en 10.000 meter.
Lês fierder >
EUREGUA, in soarte fan Frysk ‘Triviant’
Op 19 novimber mochten learlingen fan it AMS yn Frjentsjer yn de les in spultsje dwaan. Nee, dat mei oars net en it wie ek net samar, se dienen it om sjen te litten hoe’t it spultsje wurke. It gie om it edukative selskipsspul EUREGUA fan de Ried fan de Fryske Beweging. It waard dy dei presintearre op it AMS.Lês fierder >
Loverboys, soks bart dochs net yn Fryslân? Of wol?
Foarljochters fan Fier Fryslân jouwe gastlessen op middelbere skoallen om learlingen der bewust fan te meitsjen wat der mis gean kin op it internet. De learlingen moatte bewuster wurde fan de gefaren fan internet. Ut ûndersyk blykt dat jongeren faak fia internet benadere wurde foar seksuele hannelingen foar de webcam, geheime ôfspraken en seksueel tinte chatsesjes. Somtiden is de grins tusken frijwillige en twongen seks hiel tin. Ut ûndersyk blykt dat ien op de seis famkes en ien op de tweintich jonges wolris twong is ta in seksuele hanneling. De foarljochting fan Fier Fryslân besiket dat te foarkommen.
Lês fierder >
Skaker Gert-Jan Rauw, talint foar de takomst?
Dit kear folgen wy foar it LINKK sportportret de 15-jierige skaker Gert-Jan Rauw tidens it twa dagen duorjende Remco Heite skaaktoernoai yn Wolvegea. Twa jier lyn wie Gert-Jan noch dé ûntdekking fan it Iepen toernoai, om’t er ûnferwachts wist te winnen fan in Internationaal Meester (IM) en in Candidate Meester (CM). Dit jier rûn it spitich genôch allegearre wat minder foar de skaker út Damwâld. Mei twa winstpartijen en trije remises einige hy op it 32e plak.Lês fierder >
Foarút mei de geit
Geiten as hobby
Gert-Jan Nieuwland wennet yn Rotstergaast en hâldt geiten foar de hobby. LinKk woe dêr wol wat mear fan witte.Hoe komst der by om geiten te hâlden?
Gert-Jan: ‘Wy wenje op in pleats, dat wy ha de romte der foar. Neist hûs ha wy in kampke lân en yn ’e skuorre in hok foar winters.
Geiten binne leuke bisten. ’t Is prachtich om se simmers yn it lântsje draven en boartsjen te sjen. Foaral de jonge geitsjes binne machtich. Se klimme en klauterje op stiennen en beamstammen, dy’t yn it lân lizze.
Der is ek wolris ien ûntsnapt. Dy hat doe sawat ús hiele grientetún opfretten. Dan bist earst poerlilk. Mar ach, ik fyn it dan ek wol grappich dat se ris wat kattekwea úthelje.’
Lês fierder >
FeRstival
It Ferstival, de foardrachtskriich foar jongerein wurdt hieltyd populêrder. In jier ferlyn beslet de organisaasje ta in opjefte stop, doe’t 188 learlingen harren opjoegen! Yn de 66 jier dat it Ferstival no bestiet wie dat noch noait foarkaam. Miskien ha programma’s as Idols der wat mei te krijen, mar Fryske poëzij is hartstikke hip!Lês fierder >
FLEISFERFANGER
In HuverFerhaal
Troch Ate Grypstra
It hert bûnzet har yn ’e kiel. Se draaft. Se himet. De longen baarne har yn it liif.
Liif... liif? Hat se eigentlik noch wol in liif?
Se sjocht eefkes nei ûnderen ta en mei in skok realisearret se har dat se hielendal gjin klean oan hat! Spierneaken draaft se oer it wiete asfalt troch de inketswarte nacht. It moat hjir ek net mâlder wurde! Wêr binne al har klean yn himelsnamme bleaun?!
Lês fierder >
Winneres Yldau Bylsma oer SjONG:
‘It like wol oft ik Idols wûn hie’
As Yldau Bylsma (18) weromsjocht op SjONG 2008 dan hie se it har allegear hiel oars foarsteld. ‘Ik hie wolris wat filmkes op ynternet sjoen, mar dat it sa grut wêze soe, dat hie ik net tocht.’ En doe’t se de finale wûn hie, waard it hielendal in gekkehûs. ‘Der waarden allegear foto’s makke en se kamen mei televyzjekamera’s op my ôf. It like wol oft ik Idols wûn hie, sa kaam it op my oer.’Lês fierder >
Ik en myn húsdier
De measte jongeren hawwe wol in húsdier dêr’t se hielendal gek op binne. Wy fan LinKk woenen wolris witte hokfoar húsdieren jimme ha en wêrom’t dat húsdier sa spesjaal is. Dêrom binne wy op besite west by klasse 1c fan it Bornego College yn De Jouwer.Lês fierder >
Yn dizze oflevering giet it ris om bisten dêr't we net altyd op sitte te wachtsjen. Op it pension sit kjifkrobbe, op it honk binne mûzen en op skoalle binne luzen. As de LinKkers de earste mûs fange neame se 'm Madelief. Henk hâldt syn sprekbeurt dan ek mar oer mûzen. Mar ien mûs komt nea allinne. En luzen ek net. Wêr komme dy luzen wei? Rektor De Boer tinkt dat wol te witten. By Elske, tinkt hy. Soe dat wier wêze? En Pier, Oene en Jaap sille op jacht om sels in ein te sjitten, de LinKkers filmje it as bewiis. Se komme yndie mei in sketten ein thús, mar wa hat 'm no sketten?
Learlingen komme en learlingen gean… mar soms komme se werom, yn it nijs, op ‘e televyzje. Dan sizze se op dy skoallen: ‘Sjoch! Dat wie ien fan ús! Dy hat hjir les hân. Ja, ja… wy hawwe him dy basis jûn!
SMSe yn it Frysk. Docht de jeugd fan tsjintwurdich dat wolris? Dat woenen wy fan LinKk wolris witte en dêrom setten wy ôf nei it CSG Liudger yn Burgum, want dêr binne se altyd tige Frysk. Learlingen prate dêr op skoalle ûnder inoar in soad Frysk en boppedat krije se it ek yn alle learjierren as fak oanbean.
Hokker jonge dreamt der net fan om letter proffuotballer te wurden? Ek de 14-jierrige Andries Noppert fan De Jouwer koesteret dizze dream en hy docht syn uterste bêst om ’m wier te meitsjen. Fiif jier lyn kaam hy by de fuotbalskoalle fan SC Hearrenfean en op dit stuit is hy twaddejiers C-junioar. Andries is de hiele wike mei fuotbal dwaande. ‘Ik ha der wille yn en dat is foar my it wichtichste.’
Yn it rêstige Pieterburen stiet de bekende seehûnekres fan Lenie ’t Hart. It klopjende hert fan alles dat mei seehûnen te krijen hat yn Nederlân en fier dêrbûten. Roel van Aalsum en Ashley Bijl hawwe praten mei de ‘mem’ fan alle seehûnen.
Arendjan Bosma is learling fan it CSG Lauwers College yn Bûtenpost. Hy sit yn de tredde klasse fan it VWO. Alve septimber wie foar him in wichtige dei. Op dy dei waard in ‘webchair’ pleatst op syn skoalle. De earste yn Fryslân! Hjirtroch kin Arendjan no thús de lessen folgje.
Jephta de Visser (15) út Warten sit yn de fjirde klasse fan it VWO op Piter Jelles Impulse. Jephta kin hiele moaie gedichten skriuwe. Mei ien fan har gedichten hat se dan ek twa grutte prizen wûn.