Searje LinKk 'online':

LinKk 1
LinKk 2
LinKk 3
LinKk 4
LinKk 5

Tydskrift LinKk (yn PDF):

LinKk 1 (9MB)
LinKk 2 (5MB)
LinKk 3 (7MB)
LinKk 4 (4MB)
LinKk 5 (4MB)
Ferwurkingsmateriaal:

LinKk 1 - Frysk - NF
LinKk 2 - Frysk - NF
LinKk 3 - Frysk - NF
LinKk 4 - Frysk - NF
LinKk 5 - Frysk - NF


Mear witte oer de LinKk-spilers? Klik hjir!

12-09-2008

Dictus Hoeksma Frysk kampioen fierljeppen

Fjirdeklasser Dictus Hoeksma (15) fan it Dockingakolleezje VMBO-GT wist fiif jier lyn al dat er fierljepper wurde woe. ‘It moast in echte Fryske sport wêze en der moasten net in soad minsken oan meidwaan,’ fertelt er yn de aula fan syn skoalle oan de Woudweg yn Dokkum. En no 5 jier letter is de ynwenner fan Ie Frysk kampioen fierljeppen by de jonges oantemei 16 jier.

Lês fierder yn LinKk 1

Syb was here

Âld-learlingen om grutsk op te wêzen! Elke skoalle hat der wol in pear. Dan binne se ynienen yn it nijs, komme se op ‘e televyzje of steane se yn ‘e krante. Op skoalle sizze se dan: ‘Sjoch, dat wie ien fan ús, dy hat hjir syn oplieding hân!’ Syb van der Ploeg, de bekende sjonger, wie in learling fan De Saad yn Damwâld. Want Syb wenne yn De Westerein en fytste alle dagen op en del. ‘Ik wie net sa mei skoalle dwaande,’ seit Syb, ‘mar wy hienen wol in bandsje en ik mocht graach foaroan op it toaniel stean.’ No, dat soe letter noch hiel faak yn syn libben foarkomme.

Lês fierder yn LinKk 1

Praat mar Frysk, Nederlânsk én Sineesk!

De famylje Van Meerlo út Feanwâlden is wol wat bysûnder. Heit Berend komt út Fryslân en mem Shu Fen Lee fan Taiwan. Taiwan is in grut eilân. It leit ticht by Sina yn de Súd-Sineeske See. Shu Fen en Berend van Meerlo ha twa bern: Ielan (6) en Jurre (8). Dy sitte op basisskoalle De Frissel yn Feanwâlden. De Frissel is in trijetalige skoalle. Dat komt goed út, want de famylje Van Meerlo is ek trijetalich.

Lês fierder yn LinKk 1

Dy fan Linkk

Linkk is net allinne de namme fan dit blêd, mar ek fan in televyzjeprogramma, in soarte fan soap. LinKk is yn 2004 úteinset. In ploechje jongerein ferfeelde har yn ‘e grutte fakânsje en doe ha se betocht om filmkes te meitsjen oer harsels en alles wat harren dwaande hâld hjir yn Fryslân. It ploechje bestie doe út 3 fammen: Anne-Marit, Esmée, Saskia en 3 jonges: Glenn, Errol en Jorrit.

Lês fierder yn LinKk 1

Fierljepster Anna Jet Leyenaar wol oait oer de 16 meter springe

Op 6 augustus hat de 15-jierrige Anna Jet Leyenaar fan Snits in Nederlânsk rekord fierljeppen by de froulju sprongen. Op har thússkâns yn Drylts ferbettere se mei 15.70 meter it âlde rekord fan Sjoukje Tjalma fan It Heidenskip en hat se har persoanlike rekord oanskerpe mei mar leafst 54 sintimeter! En se kin noch fierder, is de ferwachting fan Anna Jet sels. ‘Doe’t ik dy rekordsprong werom seach, seach ik dat ik noch maklik in pear klimslagen meitsje kinnen hie. Mei in langere pols moat ik gewoan oer de 16 meter springe kinne.’

Lês fierder yn LinKk 1

Itaalje vice versa

Foar 4-Havo en 5-VWO fan CSG Liudger út Drachten stiet der alle jierren in spesjaal útwikselingsprojekt op it programma. Hjerstmis geane learlingen hjirwei in wike nei it bûtenlân en in oantal moannen letter, yn ‘e maitiid, komme jongeren dêrwei hjirhinne foar in tsjinbesite. Hongarije, Itaalje, Poalen of Dútslân binne de lannen, dêr’t men út kieze kin.
Foar Jan Jacob van der Zee (17 jier) en syn klasgenoat Kees Wobbes, beide út Garyp, wie de kar net dreech. It waard Itaalje. Jan Jacob: ‘Dêr wenje moaie famkes. En Itaalje wie it iennige lân, dêr’t wy mei it fleantúch hinne moasten en om’t Kees en ik noch noait flein hiene, wie dit ús kâns.’

Lês fierder yn LinKk 1

De bysûndere bân fan Tet Rozendal mei FeRstival

De earste kear dat Tet Rozendal op in grut poadium stie, wie mei it foardragen fan in gedicht by FeRstival. En dat joech sa’n kick dat se fan dat momint ôf net mear te hâlden wie. In jier letter, yn 1997, die se wer mei oan FeRstival en wûn se de earste priis. Dêrnei is se aktearjen gong en spile se ûnder oaren in haadrol yn it iepenloftspul fan Burgum. As dûnseres waard se yn 2000 Nederlânsk kampioen en no is se profesjoneel sjongeres. Tet Rozendal, in multitalint mei in bysûndere bân mei
FeRstival.

Lês fierder yn LinKk 1

Skoaltsjesiik (koart ferhaal)

As de bel giet koarret it skoalgebou de learlingen troch de doarren nei bûten.
Oeral op en om it plein wurde der kôgjend, laitsjend, pratend en smokend groepkes foarme. Romke-en-dy rinne as gewoanlik nei de achterste piknikbank.
‘Ha jimme sjoen hoefolle hûswurk wy hawwe foar moarn? Ik fiel, leau ik, in grypke opkommen. Dizze jonge leit moarn lekker de hiele dei op de bank,’ seit Romke en hy rekt ‘m ris efkes lekker út.
‘Goh, is ‘t wer safier?’
‘Datsto dat altyd sa maklik foarelkoar krijst,’
‘Ha se by jim thús net yn ‘e gaten, datsto se foar de gek hâldst?’
In bytsje oergeunstich is it kommintaar fan de oaren.
‘’t Is net sa dreech, hear. Ik sis gewoan dat ik net lekker bin en dan bellet ús mem skoalle ôf. Makky.’
‘No, dêr traapje minen noait yn. Wy moatte earst heal dea wêze, wolle se skoalle ôfbelje.’
‘Ach ja, ‘t is in kwestje fan goed plannen en myn aktearkwaliteiten dogge de rest. Uche, uche …’

Lês fierder yn LinKk 1

Anita hat de sykte fan Crohn

Anita Visser út Gytsjerk is it ôfrûne skoaljier slagge foar har VWO-eksamen op Piter Jelles Montesori. Anita krige oan it begjin fan har eineksamenjier te hearren dat sy de sykte fan Crohn hat. De sykte fan Crohn is in groanyske sykte fan de mage en term. De sykte fan Crohn sit meastal yn it ein fan de tinne term of yn dielen fan de dikke term. De ûntstekking kin him útwreidzje troch de rest fan it spiisfertarringskanaal. De oarsaak fan de sykte fan Crohn is net bekend.

Lês fierder yn LinKk 1