Searje LinKk 'online':

LinKk 1
LinKk 2
LinKk 3
LinKk 4
LinKk 5

Tydskrift LinKk (yn PDF):

LinKk 1 (9MB)
LinKk 2 (5MB)
LinKk 3 (7MB)
LinKk 4 (4MB)
LinKk 5 (4MB)
Ferwurkingsmateriaal:

LinKk 1 - Frysk - NF
LinKk 2 - Frysk - NF
LinKk 3 - Frysk - NF
LinKk 4 - Frysk - NF
LinKk 5 - Frysk - NF


Mear witte oer de LinKk-spilers? Klik hjir!

05-08-2008

Alle ôfleverings fan LinKk werhelle

Alle ôfleverings fan LinKk fan it ôfrûne seizoen wurde de kommende trije wike werhelle. Jim kinne dus alle 8 útstjoerings noch in kear sjen op Omrop Fryslân om 18.30, 19.30, 20.30, 21.30, 22.30 en 23.30 oere. De ôfleverings en dagen steane hjirûnder.


1. LinKk Frije Tiid - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - Tiisdei 5 augustus

De LinKkers nimme ôfskied op Skylge. Ek Pier en Brecht sitte op it eilân. Se binne nijsgjirrich en bespionearje de jongerein mar wurde betrape troch Elske en Esmee. Op televyzje sjogge se dat se in priis wun ha en dêrmei útstjoertiid by Omrop Fryslân. Spitigernôch jildt dat foar eltsenien oant 18 jier. Dat binne allinnich Elske en Jorrit, want Errol giet nei Ingelân mei syn heit en mem, en de oaren binne te âld. Fansels wurdt der ek filme op it eilân en nimme de LinKkers wraak op Pier en Brecht.


2. LinKk Minsken en Moetings - - - - - - - - - - - - - - - - - Tongersdei 7 augustus

LINKK hat no eigen útstjoertiid !! LinKk is begûn as in groepke jongelju dy’t filmkes makken oer Fryslân. Dit dienen se gewoan foar de lol, mar no ha se stjoertiid wûn by Omrop Fryslan. Spitigernôch wienen de measten krekt te âld en dus moasten der nije LinKkers komme.

We ha ôfskied nommen fan Saskia, Esmee, Errol en Glenn. Allinnich Jorrit en Elske binne oerbleaun fan de alde ploech en sy ha nije minsken socht. Dy nije minsken binne Henk, Diana, Giel en Marije. De nije klub LinKk sil dus no echt op televyzje. Yn dizze twadde útstjoering kinne jimme yn’e kunde komme mei Jorrit, Elske, Henk, Diana, Giel en Marije.


3. LinKk Famylje en freonen - - - - - - - - - - - - - - - - - - - Tiisdei 12 augustus

Yn dizze LinKk belibje we de earste belibbenissen mei de nije ‘ploech’. Earst betinke se dat LinKk wol oer Jorrit en Elske gean kin, want dat binne ommers sawol freonen as ek soarte fan famylje. Elske wol in feestje jaan foar al har freontsjes fan ‘hyves’. De nije Linkkers sille alles filmje wat te krijen hat mei de famyljes fan Jorrit en Elske. Mar dat pakt net oeral like goed út en as Jorrit dan in hiele wichtige brief krijt, wol hy der net mear oan meiwurkje. Elske blaast it feestje dan ek ôf. Se moatte dus wat oars betinke.

Fierders reportaazjes oer in âldenhûs en in jongereinkeet mei de fraach wat no belangriker is, famylje of freonen . . .?


4. LinKk Kommunikaasje - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - Woansdei 13 augustus

Dizze ôflevering stiet hielendal yn it teken fan kommunikaasje. Om’t Elske in Hyves-feestje hâlde sil, ha Giel en Marije in fraachpetear hâlden mei in frou dy’t ûndersyk dien hat nei it gebrûk fan hyves. Elske en Henk binne smoarfereale mar Jorrit stiet noch wat yn’e wei.

Pier en Brecht ha rûzje oer it kafee, dat rint net sa goed. Troch wat miskommunikaasje tinkt Pier dat Brecht skiede wol en dat docht him in radikaal beslút nimmen, krekt op it feestje fan Elske. En Diana praat ôf mei in jonge fia MSN, en dat levert in moaie reportaazje op . . .


5. LinKk Bisten en Natoer - - - - - - - - - - - - - - - - - - - Tongersdei 14 augustus

Pier en Brecht sille op safari en wolle goed taret weze. Se sille dus jogge. Oene sit wakker op te skeppen en sil ek mei te joggen. Dat komt goed út want de LinKkers sille nei Pantera dus kinne se moai meiride. It pakt allegear wat oars út. Oene hat syn foet ferstûke en giet dus mei de LinKkers mei. As de LinKkers der achter komme dat Oene gewoan lui is, betinke se in stunt om wraak te nimmen. Mei dêrtroch ferdwale Pier en Brecht ek nochris. In hilaryske ôflevering fan LinKk.


6. LinKk Trends - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - Tiisdei 19 augustus

Yn LinKk Trends krijt Diana de kâns om har grutte held Tim Douwsma, ferneamd fan it programma ‘So you wanna be a popstar’ te moetsjen. Elske makket har soarchen om Jorrit en beslút him thús op te sykjen. Dat fynt Henk fansels net sa leuk. Giel sit neffens omke Oene allinnich mar te gamen en it runnen fan it kafee troch Oene en Jaap wurdt ek al net troch elkenien wurdearre. Mar de LinKkers bewize dat game júst hiel sûn weze kin en se ferrasse Pier en Brecht as dy weromkomme fan de safari. Hoe? Sjoch nei LinKk Trends!


7. LinKk Skoalle - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - Woansdei 20 augustus

Yn dizze LinKk komt it ta in heftige konfrontaasje tusken Marije en har skoaldirekteur Meijer. Dy lizze mekoar net sa, en dat is noch sacht útdrukt. Marije driget fan skoalle stjoerd te wurden en ek konsjerzje Jaap, de heit fan Els, krijt gedonder. De plysje moat der oan te pas komme, mar dan ûntdekke de oare LinKkers by tafal dat der ien en oar net kloppet.

By Pier en Brecht thús is Jorrit einlik sa fier dat hy it testamint fan syn mem lêze wol. De ynhâld is diels wol skokkend en der wurdt hiel wat ôfsnottere.

De reportaazjes dy’t de LinKkers draaie geane oer skoalle, of eins oer de takomst fan it underwiis.


8. LinKk Friezen om Utens - - - - - - - - - - - - - - - - - - Tongersdei 21 augustus

Yn dizze lêste LinKk fan it seizoen draait it om Friezen om Utens, Friezen dy’t it bûten Fryslân sykje. Jorrit sil nei Dútslan en Giel sit yn Portugal. De leafde tusken Diana en Giel liket serieus mar tagelyk stiet de relaasje fan Henk en Elske ûnder druk. Dat komt fral troch roddels en praatsjes. Mar it fjoer wurdt diskear wat te bot opstoke en dat rint net foar eltsenien like goed ôf . . .


En dan begjint de nije LinKk wer . . . de earste nije útstjoering is op 12 septimber!!!

0 reacties:

Een reactie posten

Aanmelden bij Reacties posten [Atom]

<< Homepage