Hoi allegearre!
Alwer de lêste Linkk fan dit skoaljier.Wat giet it hurd net? De measten fan jimme binne oan it begjin fan dit skoallejier begûn yn de earste klasse fan it fuortset ûnderwiis. En aanst begjint de grutte fakânsje al wer gau.
Hawwe jimme in moai jier hân? As redaksje fan Linkk hoopje wy yn alle gefallen dat jim it tydskrift en de Linkk televyzjeprogramma’s ek moai fûnen.
De lêste Linkk fan it skoaljier giet oer hobby’s en frije tiid. Dizze kear is der net ien bepaalde skoalle dy’t sintraal stiet. Dat wie net sa handich fanwege de frije dagen om Himelfeartdei, Keninginnedei, 5 maaie en Pinksteren hinne.
Likegoed binne der wer in soad ferskillende nijsgjirrige ûnderwerpen dy’t mei it tema
Hobby’s en Frije Tiid te krijen hawwe.
Op dizze side sjogge jim in oersjoch fan hast alle nijsgjirrige saken dy’t yn Linkk foarkomme. Lês de koarte ynliedinkjes, sykje der in pear út en lês dan gau fierder yn Linkk.
Allegearre in soad lêswille èn alfêst in hiel goede lange, waarme, relaxte simmerfakânsje tawinske!
Ut namme fan de redaksje,
Johan Bloem
Hast dêr wol ris fan heard: in baard-agaam? It bist is famylje fan de reptilen en komt út Eastlik Australië. Mar yn Burgum kinst se op de sliepkeamer fan Lennart van Ligtenberg fine. Brrr???? Nee, niks, brrrr... want de freonlike bisten sitte yn grutte glêzen bakken. Trouwes, it langste eksimplaar kuieret ek wol ris troch de húskeamer. No problem at all.
Op tongersdei 15 maaie wie it dan sa fier. De earste Bogerman Sylregatta waard hâlden op de Snitsermar. Prachtich waar. In moaie wyn, krêft 4. En in soad fleurige gesichten op it wetter. 120 Learlingen fan it Bogerman út Snits en it Dockinga kolleezje út Dokkum fermakken harren sichtber oan board fan de 26 ‘Valkjes’ tidens dizze bûtenskoalske learaktiviteit. ‘Bogerman is méér dan leren,’ liet rektor Joost Visser, dy’t nijsgjirrich eefkes kaam te sjen op it Starteilân, ús witte. ‘Zeilen is een heel complexe vaardigheid. De leerlingen moeten samenwerken, goed weten wat ze moeten doen aan boord van zo’n boot en ze moeten aan de veiligheid denken. Dit is leren zoals het moet zijn,’ sa sei de rektor.
Se hie noch noait snie sjoen, de bôle smakke hjir earst mar nuver en se moat hjir faak in jas oan at se nei bûten ta giet. Saken dy’t foar ús hiel gewoan binne, binne foar Sheilla Montejo allegearre nij. Se is 14 jier, komt fan de Filipinen en wennet hast trije jier yn Ferwert.
De finale fan SjONG 2008 wie yn ien wurd ‘bysûnder’. Bysûnder gesellich (de Koornbeurs yn Frjentsjer siet grôtfol), bysûnder goed (it nivo wie, neffens de sjuery, hiel heech) en bysûnder slagge (‘It wie hielendal geweldich’ krabbele ien op Hyves). ‘Bysûnder’ wie ek de titel fan it liet dêr’t de 18-jierrige Yldau Bylsma fan Weidum úteinlik SjONG 2008 mei wûn.
De 14-jierrige Chris Huisman fan de Jouwer is lid fan M.C. Flying Boetoe, in motorsportferiening dy’t al mear as 25 jier nasjonale en regionale motorkrosseveneminten en gers- en sânbaanwedstriden organisearret. Chris springt it leafst yn de heuvels op de krossbaan, mar hy rydt út en troch ek in rûntsje oer de sânbaan. ‘Het springen geeft me wel de grootste kick. Een beetje gek doen in de lucht, dat vind ik mooi,’ fertelt hy entûsjast.
Wa't moarns om healwei achten nei Pyt Paulusma syn waarberjocht harket, wit dat de ferneamdste waarman fan Nederlân gegevens út de hiele provinsje brûkt. Ien fan de plakken dy't hy dan neamd is Lekkum. De gegevens oer temperatuer, wynrjochting, loftdruk en sa krijt Paulusma fan Timo Tjepkema (14 jier, learling fan Piter Jelles !mpulse yn Ljouwert).
Syn lêste film wie ‘De Scheepsjongens van Bontekoe’, mar miskien kinne jim ‘m better fan de Kameleonfilms. Filmmakker Steven de Jong. Op 26 juny komt syn nijste film ‘Snuf de Hond in oorlogstijd’ yn ‘e bioskoop. In spannende famyljefilm oer de Twadde Wrâldoarloch dy’t