Hoi jonges en fammen,Foar jim leit in Farske, Frijwat Fantastyske en Fassinearjende LinKk. En om mar fierder te gean mei al dy F’en: it tema fan dizze LinKk is ‘Famylje en Freonen’.
Der binne ferskillende soarten Freonen. Fjouwer learlingen Fan it Bornego College hawwe bygelyks ‘pinnefreonen’. Sy ha yn New York west en binne dêr befreone rekke mei Amerikaanske jonges en fammen. Minke van den Berg is in bistefreon en beskôget de katten fan har staazje-adres Poezepensjon Luxor as freonen. Je kinne ek Foute Freonen hawwe. Dat oerkaam Nynke, Marije en Iris.
Om’t it yn ‘e tredde wike fan novimber ‘Week van de Jeugdzorg’ is, fine jim yn ‘e midden fan dizze LinKk in katern fan fjouwer siden oer bern mei problemen. Gelokkich binne der genôch ynstânsjes dy’t har helpe kinne.
Dizze LinKk Fol mei F’en wurdt Fansels yn styl ôfsluten. Op de lêste side fine jim de Fter-side, in nije rubryk oer multimedia.
Nijsgjirrich wurden? Blêdzje ffkes gau Fierder!
Ut namme fan de redaksje,
Marrit de Schiffart
Cedin / Taalsintrum Frysk
Lês fierder >
Geen opmerkingen:
Een reactie posten