LinKk 1 - Minsken & Moetings
Foar jimme leit it earste nûmer fan LinKk fan dit skoaljier. LinKk is in tydskrift mei nijsgjirrige artikels en nijtsjes, dat spesjaal makke wurdt foar de earste klassen fan it fuortset ûnderwiis yn Fryslân.Yn dizze LinKk kinne jim yn ‘e kunde komme mei de akteurs en aktrises fan de televyzjesearje en prate wy jim by oer wat der al earder yn de searje bard is. Op ús webside www.linkk.tv kinne jim dêr ek alles oer lêze.
‘Minsken en Moetings’ is it tema fan dizze earste LinKk en, njonken de LinKk-spilers, moetsje wy noch folle mear nijsgjirrige minsken. Sa komme wy yn de kunde mei twa rizende stjerren: GTST-akteur Ferry Doedens en popstar Tim Douwsma. Fierder treffe wy twa beachvolleybalsters, in fûgelfreon en in stel groep 8'ers dy't no nei it fuortset ûnderwiis geane.
Genôch leuke artikels dus. Wy winskje jimme in protte lêswille.
Ut namme fan de redaksje,
Jouke Douwe de Vries
Cedin / Taalsintrum Frysk
Ferry Doedens út Drachten yn GTST
Hy wurdt betitele as in ‘rising star’, Ferry Doedens (19 jier) út Drachten. Hy is de nijste akteur yn Goede Tijden Slechte Tijden en spilet Lucas Sanders, de soan fan Janine en Stefano. Lucas is homo en dat is noch net earder foarkommen yn de soap dy’t al hast tweintich jier op ‘e buis is. It begryp ‘homoseksualiteit’ lei altyd wat gefoelich. Ferry hat der gjin problemen mei: hy falt ek op jonges.Lês fierder >
Hin? LinKk? Wat is dat?
Tsja, lang ferhaal. LinKk, dat is dit blêd, dat binne de lessen Frysk op dyn skoalle, mar LinKk is noch mear…LinKk is ek in soap. In Fryske soapsearje op televyzje, spesjaal foar dy makke, mei akteurs fan ûngefear dyn leeftiid, dy’t dingen dogge dysto ek dochst. Of, no ja, dat is net hielendal wier fansels. Do makkest grif gjin televyzjeprogramma en dat dogge de LinKke akteurs wol. Se meitsje in televyzjeprogramma oer Fryske jongerein dy’t in televyzjeprogramma meitsje. Kinst it noch folgje??
Lês fierder >
Lotte de Vries & Rosanne Ottevanger volleybalje op it strân
Beachvolleybal is in sport dy’t hurd groeit yn Nederlân en dat komt net op it lêste plak troch it trendy imago: hip, fleksibel, sûn en spektakulêr. Lotte de Vries (18) en Rosanne Ottevanger (18) volleyballen beide al yn de seal by VC Sneek doe’t se yn 2006 de útdaging mei it beachvolleybal oangiene.Foarich jier behellen se tidens it NK <18 mei in sulveren medalje harren bêste resultaat oant no ta. ‘Dat was voor ons een superdag', klinke Lotte en Rosanne noch altyd entûsjast.
Lês fierder >
Tim Douwsma wol fan alles en it leafst alles tagelyk
Grutsk binne we yn Fryslân fansels op ús Doutzen, ús Syb en ús Foppe. Neffens sjonger, akteur, model, no ja litte we him mar ‘multitalint’ neame, Tim Douwsma is der wol romte foar noch in Fryske stjer. En dy romte wol hy graach opfolje. Hy is al in hiel ein, mar as it oan Tim leit, is der ek noch in hiel ein te gean. ‘Ik wol fan alles en it leafst alles tagelyk…’Lês fierder >
Fûgelfreon
Foar Anne Mulder (13 jier) jildt: better tsien fûgels yn ‘t hok dan ien yn ‘e loft. Syn hobby is nammentlik it hâlden en kweken fan fûgels. Yn en om de pleats yn Waaksens hat er sa’n 100 oant 150. Troch ruiljen, krijen, fuortjaan, keapjen en ferkeapjen, aaien dy’t útkomme en fûgels dy’t deagean, kin it oantal alle dagen feroarje. Anne: ‘It wit net presys hoefolle it der binne. Gelokkich stekt it net sa nau, want wy ha hjir yn ‘e skuorre en op it hiem genôch romte.’ Lês fierder >
Tekene
In huverferhaal
It is smoardrok op Skiphol. Femke siket har paad troch de grimeljende minskemassa. Se sjocht fluch oer it skouder nei heit en mem, dy’t hymjend en pûstend út it haltsje mei de draaidoarren komme. Se besykje út alle macht om har by te hâlden. It is ek wol wat mei dy âlde minsken fan tsjintwurdich...
‘Hee, sjit ris op!’ ropt se nei har heit, dy’t krekt in ljochtblauwe bûsdoek út syn knûkelige koarte broek fiske hat en al dravend syn foarholle skjinfaget.
‘Jaja, famke. We dogge ús bêst. Sjochst dan net dat it swit my by alles delspielt?’
Lês fierder >
Bytsje spannend: nei in oare skoalle!
Nei groep 8 folget de stap nei de ‘grutte skoalle’. Altyd wol wer spannend: oar gebou, allegear oare fakken en, net te ferjitten!, gjin master of juf mear, mar leararen.LinKk frege in pear bern út groep 8 fan de Ds. Hasperskoalle út Akkrum wat se dêr fan fine.
Lês fierder >

0 reacties:
Een reactie posten
Aanmelden bij Reacties posten [Atom]
<< Homepage