13-10-2008

Marieke Swart, musikalstjêr 2 B

Marieke Swart út Sint Anne is noch mar 13 jier, mar se is no al in talint op it toaniel. Se sit yn de twadde klasse fan it VWO op de CSG Ulbe van Houten. Marieke hie de haadrol yn de musikal ‘Annie’ en se spile ek mei yn ‘Pinokkio’. Om mei te dwaan yn in musikal is allinne goed toanielspylje net foldwaande, moatst ek goed sjonge en dûnsje kinne. En do moatst fansels dyn senuwen de baas wêze, kinst net mei knikkende knibbels foar in seal fol minsken stean.

‘Froeger doe’t ik lyts wie, wie ik altyd oan it sjongen. Us heit en mem stienen ek faak op it toaniel. Mar doe woe ik der noch neat mei dwaan.’ Marieke gie nei de Parnas Poadiumskoalle en learde dêr dûnsjen en sjongen. ‘Dêr learde ik in soad. De learares sei dat ik der wolris wat mei dwaan koe, miskien audysje dwaan. Dêr hie ik sels noch nea oan tocht.’ Op ynternet socht Marieke doe nei audysjes, mar se koe neat fine. Uteinlik seach har mem dat der in audysje wie foar de musikal ‘Annie’.

Lês fierder yn LinKk 2

Geen opmerkingen:

Een reactie posten