13-10-2008

Keatser Jouke Bosje dreamt oer it winnen fan de PC

De 17-jierrige Jouke Bosjer út Baaium hat it ôfrûne keatsseizoen skiednis skreaun foar Wjelsryp.
Tegearre mei syn maten Jelmer Hofstee en Paulus Yde Walda hat er de Freulepartij yn Wommels wûn. Dit wurdt binnen de jongesôfdieling fan it keatsen sjoen as de wichtichste wedstriid fan it seizoen.
Jouke hat in hiel soad foar it keatsen oer. Om syn dream te ferwêzentlikjen lit er sels feestjes op sneontejûn sjitte. Ienris wol er nammentlik it belangrykste barren fan de keatssport winne: de PC (Permanente Commissie) op it Sjûkelân yn Frjentsjer.

Lês fierder yn LinKk 2

Geen opmerkingen:

Een reactie posten