13-10-2008

Hoi jonges en famkes,

Dizze twadde LinKk giet oer ‘Famylje & Freonen’. Sa kinne jim ûnder oaren lêze oer Epke, it ferneamdste lid fan de famylje Zonderland fan ‘e Lemmer. Hy fertelt oer syn skoaltiid op it OSG Sevenwolden op it Hearrenfean en fansels oer syn dielname oan de Olympyske Spullen yn Peking.

Fierder komme wy yn ‘e kunde mei in stel freondinnen fan CSG Ulbe van Houten yn Sint Anne. Sy fertelle wat oer it Bildtsk en ‘doen dat in ut Bildts’. Noch mear talen leare wy kennen yn it artikel fan Jan van der West fan Mercator.

Keatser Jouke Bosje wûn mei syn maten Jelmer Hofstee en Paulus Yde Walda de Freulepartij yn Wommels en wy lêze oer de grutte famylje fan jonge Fûgelwachters yn Fryslân. De freonen fan LinKk belibje wer in bysûnder aventoer en ús SjONG-freondin Judith Fledderus, dy ús ôfrûne simmer allegear yn ‘e sin, sin, sinne setten hat, sette wy no sels ris yn it sintsje.

We hawwe diskear in heftich ferhaal fan Ate Grypstra. Dat hjit hiel tapaslik ‘Freondinnen’ en it sil grif de noadige diskusje opsmite. Ta einbeslút hearre wy wer de lêste roddels út de showbizzfamylje en sille wy op ‘e kofje by ús WitWat-freondin Marieke Swart.

Wer genôch nijsgjirrige artikels dus. Wy winskje jimme in protte lêswille.

Ut namme fan de redaksje,
Jouke Douwe de Vries
Cedin / Taalsintrum Frysk

Lês fierder yn LinKk 2

Geen opmerkingen:

Een reactie posten