Skoaltsjesiik (koart ferhaal)
As de bel giet koarret it skoalgebou de learlingen troch de doarren nei bûten.
Oeral op en om it plein wurde der kôgjend, laitsjend, pratend en smokend groepkes foarme. Romke-en-dy rinne as gewoanlik nei de achterste piknikbank.
‘Ha jimme sjoen hoefolle hûswurk wy hawwe foar moarn? Ik fiel, leau ik, in grypke opkommen. Dizze jonge leit moarn lekker de hiele dei op de bank,’ seit Romke en hy rekt ‘m ris efkes lekker út.
‘Goh, is ‘t wer safier?’
‘Datsto dat altyd sa maklik foarelkoar krijst,’
‘Ha se by jim thús net yn ‘e gaten, datsto se foar de gek hâldst?’
In bytsje oergeunstich is it kommintaar fan de oaren.
‘’t Is net sa dreech, hear. Ik sis gewoan dat ik net lekker bin en dan bellet ús mem skoalle ôf. Makky.’
‘No, dêr traapje minen noait yn. Wy moatte earst heal dea wêze, wolle se skoalle ôfbelje.’
‘Ach ja, ‘t is in kwestje fan goed plannen en myn aktearkwaliteiten dogge de rest. Uche, uche …’
Lês fierder yn LinKk 1

0 reacties:
Een reactie posten
Aanmelden bij Reacties posten [Atom]
<< Homepage