Foar 4-Havo en 5-VWO fan CSG Liudger út Drachten stiet der alle jierren in spesjaal útwikselingsprojekt op it programma. Hjerstmis geane learlingen hjirwei in wike nei it bûtenlân en in oantal moannen letter, yn ‘e maitiid, komme jongeren dêrwei hjirhinne foar in tsjinbesite. Hongarije, Itaalje, Poalen of Dútslân binne de lannen, dêr’t men út kieze kin. Foar Jan Jacob van der Zee (17 jier) en syn klasgenoat Kees Wobbes, beide út Garyp, wie de kar net dreech. It waard Itaalje. Jan Jacob: ‘Dêr wenje moaie famkes. En Itaalje wie it iennige lân, dêr’t wy mei it fleantúch hinne moasten en om’t Kees en ik noch noait flein hiene, wie dit ús kâns.’
Lês fierder yn LinKk 1
Geen opmerkingen:
Een reactie posten