Op de fraach dy’t steld waard oan learlingen fan it RSG yn Snits om wat oer trends te fertellen, kamenallinne mar famkes ôf. Soe dat betsjutte dat famkes wat mei trends hawwe en jonges net? Wa sil it sizze? Laura Zijlstra út Drylts, Maaike Meijnders út Heech en Astrid Druijff út Snits woenen wol fertelle wat foar harren ‘Hot Trendy’ of ‘Not Trendy’ is. Sy makken alle trije in Hot or Not rychje en fertelden wat se mei trends en moade hawwe. Laura sei dat sy de trends wol folget, mar der altyd in eigen draai oan jout. Maaike docht graach oan de moade mei, want se wol der leuk út sjen. Astrid hâldt de trends wol yn ‘e gaten, mar folget se net klakkeloas op.
Lês fierder yn LinKk 5 oer 'Trends'
Geen opmerkingen:
Een reactie posten